Weppers moandei 20-9-2021

Sneon 18-9-2021
17 september 2021
SDS-League: ‘Postmeister’ pakt de wykpriis!
21 september 2021

SDS Vr.2 mei los!

SDS Vr.1 rekreaasje, oftewol SDS Vr.2 hat freed foar it earst traind en spilet freedtejûn foar it earst thús tsjin Dronrijp/Foarút Vr.1, GAVC Vr.2 en Oosterlittens Vr.2.
It binne wedstriden fan 7 tsjin 7 en duorje in heal oere. It belooft in noflike jûn te wurden. It programma sjocht der sa út.

Ferslach SDS 3 – SC Boalsert 3

Troch de Kippetjespartij fan juster kaam it ferslach fan Bote fan de wedstryd fan ôfrûne sneon in bytsje letter:
Hjoed stie ús earste thús wedstriid fan it seizoen op it programma. De galacticos van SDS 3 mochten oantreden tsjin SC Bolsert 3 en diene dat yn de folgende opstelling: ‘Marten – Inne, Hendrik, Bote, Watze Jacob – Anne, Frank, Tsjipke, Ralph – Willem en Jelmer’. Wissels wiene: ‘Jildert, Piter, Jacob Klaas en Haye Jan’. Die lêste twa koene allinnich de twadde helte oanwêzich wêze. De útspraak fan it wykein wie dan ek: ‘At jimme achteryn de earste helte de nul hâlde, sil ik der wol foar soargje dat, dat sa bliuwt yn de twadde helte’. Koartsein mei it sels fertrouwen bij dizze persoan sit it wol goed.
Werom nei de wedstriid. SDS 3 starte de wedstriid wat foarsichtich, troch net fol op de oanfal te spyljen (it wie ek waarm en je moatte it al 90 minuten fol hâlde). Boalsert mocht dan ek rêstich opbouwen, mar sadra men de middelline oer kaam, waard der druk op de bal jun om ferfolgens bij balbesit yn de omskeakeling tot in kâns te kommen.
Dit slagge aardich en liede halverwege de earste helte tot in grutte kâns foar Anne, nei dat Jelmer de keeper útspiele hie en de bal breed lei. Anne wie sa ferrast dat op bjusterbaarlike wize de bal der net yn gie. Dat dizze bal der net ien gie hat Jelmer dan ek dyn besluten nea wel de bal breed te jaan, at der ek sels skoare kin. Nei it kommentaar fan foarige wike fan it feit dat der nea in bal breed jout, wie syn relaas dat it him no oan it twivelen brocht hie, ‘it giet yn je holle sitten soks’, wiene syn eigen wurden.
Krekt foar rêst kamen wij dan dochs op foarsprong troch Jelmer, die mei in besjoen skot fan bûten it sechstjin meter gebied de bal yn it hoekje wist te prikken. Hjirnei moast der earst al efkes op azem komme en kaam Piter it fjild yn as syn ferfanger. Rêststân wie 1-0.
Yn de rust waard alles noch efkes tachtich goed delsetten en Jan Friso hie sels san soad fertrouwen yn it team dat der op 1 persoan nei de hiele ferdigening wiksele of op in oare posysje del sette. Haye Jan, Jacob Klaas en Jildert kamen der yn foar Anne, Hendrik en Watze Jacob. Inne skode troch nei it middenfjild.
Dat de mannen fan SDS3 happich blieken te wezen, waard dúdlik toen de spielers nei 10 minuten alwer op it fjild stiene en de skiedsrjochter en tsjinstander yn noch gjin fjilden en wegen te bekennen wiene.
Dat it de twadde helte wat better stie die bliken toen nei in kertier spylje de einstân al op it skoareboerd stie. De 2-0 waard út in korner fan Willem troch in spieler fan Bolasert yn it eigen doel ferwurke al sil Jacob Klaas wol sizze dat hij diegene wie die it lêste tikje joech. Mei de hân wol te ferstean, sa joech der sels oan. Om’t net ien it echt goed sjen koe wie it team it der oer iens dat it in e.d’tje wie. It waard de spieler fan Boalsert iets mear gunt sille we mar sizze. De 3-0 waard nei in knappe aksje troch Tsjipke makke. Hij skeat behearst de bal yn de koarte hoek binnen. Hjirnei barde der noch hast neat meer en waard de wedstriid behearsket útspile, wêrmei Jacob Klaas sich oan syn ôfspraak hold.
It tredde stiet no knap op it tredde plakje mei seis punten út twa wedstriden. Nije wike is V.V. Heerenveen 2 de tsjinstander. Sjen at we de punten dan wer yn’e tas mei nei hûs nimme kinne.
Bote

Tige by tige!

Jelte-Pieter Dijkstra en Petronella Tolsma binne ôfrûne freed yn it houliksboatsje stapt en wolle graach fia de webside alle fuotballers tank sizze foar alle alderaardichste reaksjes!

Net brûze….

SDS 3 moat sneon om 16.00 oere balje út tsjin vv Heerenveen. De mannen moatte it dan mar wat rêstich oan dwaan, want y.f.m. legionella kin der net brûst wurde by vv Heerenveen……..

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League kinne jim moarn hjir op de webside fine. de punten fan de wedstriden fan troch de wike komme by de punten fan kommend wykein.

Harsens derby (2314)

‘Woef, woef!’