SDS League: Pieter Kamstra nimt de lieding!

Foarbeskouwing Blauw-Wit-SDS
28 oktober 2004
Seleksjes SDS 2,3,4 en 5 sneon
29 oktober 2004

Wy hawwe wer in nije koprinner yn de SDS League. Pieter Kamstra docht it de lêste wiken al net gek mei syn team en pakt no ek noch de lieding yn de SDS League. Hy bliuwt “Hey Ho Let’s Go”(WW) krekt in puntsje foar.

De klapper fan ‘e wike wie foar “Hadsikidé”(CP). Hy pakte de wykpriis en gie fan it 24e nei it 5e plak. Hy hie dizze wike 52 punten.

Durk Okkema slûpt nei de top 10. Dizze wike gie hy fan 18 nei 13 mei 40 punten. Ek de “Jelsmanian Devils”(JSJ) hawwe de gang nei boppe te pakken. Sy geane mei 47 punten fan 42 nei 25.

Ûnderyn makke “Married with Football”(SvB) ek in enorme klapper. Hy pakte 46 punten en naam hjirmei ôfskie fan de nûmer lêst OKB(SS). Dochs bliuwe sy ien nei lêst.

Groeten, Willem.

Jimme kinne hjir de nije stân fine:
wike 6