Weppers woansdei 3-4-2019

SDS-League: ‘Onbesuisde Hokkeling’ pakt wykpriis!
3 april 2019
Weppers freed 5-4-2019
5 april 2019

VTON-jûn foar leiders en trainers fan SDS

Jûn sil Lourens van der Pol in útlis jaan oer it gebrûk fan de VTON-app foar syn einopdracht foar it CIOS mei help fan in presintaasje en in proeftraining. Ien fan VTON sil Lourens ûndersteune. Alle leiders en trainers fan SDS binne fan herte útnoege. De ynrin is fanôf 18.45 oere en 19.00 oere giet it los.

Frouljustoernoai

Jou dy no hjir op!

Fuotbalfamkes socht!

Foar folgend seizoen binne wy op syk nei famkes dy ’t graach op fuotbal wolle en yn de MO13 of MO15 kinne. Aldere of jongere famkes binne ek altiten wolkom fansels! Liket it dy wat of witsto ien lit it ús dan witte fia info@vv-sds.nl. Foar fragen kinne je ek nei info@vv-sds.nl maile.

Afbeeldingsresultaat voor damesvoetbal hakken

Jeska op ien!

It moast er in kear fan komme. Wa stjit Jelmer Posthumus fan de topskoardertroan. Hij, dy’t it seizoen begong mei wat hattriks, mar al hiel lang droech stie. De frontale oanfal komt foaral fanút de froulju fan SDS VR1. Mei frou en macht loere sij op de kopposysje en it is no dan safier. Jeska Terpstra skoarde 13 kear dit seizoen en at Jelmer net mear mei skerp sjit dan fleane Seriette, Hester en Femke him ek foarbij. Mar wat wit, miskien kin Dirk Yde Sjaarda de ear fan de skoarende mannen noch wat heech hâlde. Sjoch hjir foar de komplete list.

Standen

De ranglisten fan alle fjildteams fan SDS kinne jim hjir wer sjen.

Alderaardichst!

Geen fotobeschrijving beschikbaar.

Kantine iepen!

Moarntejûn wurdt der wer folop traind yn de ‘SDS-ArenA’ en nei de tiid is de kantine ek wer iepen. Ferline wike wie der net iepen y.f.m. treurige familie-omstannichheden. Moarntejûn sil Gerrit Flisijn soargje foar de hapkes en de snapkes en in alderaardichst stikje muzyk!

Harsens derby (2122)

Alles of neat……………………. Neat dus………..