SDS League: Marije 1e!

Weppers tongersdei 10-5
9 mei 2012
Weppers freed 11-5
10 mei 2012

Marije de Vries wint mei Parel 2 dizze edysje fan de SDS League. Sy bliuwt “FC Munnaps” fan Bote Strikwerda en “Brothers from Other Mothers” fan Martijn Rispens en Douwe de Boer úteinlik maklik foar.

Fan herte lokwinske!

Tsjipke Okkema makke dizze wike noch in beste sprong mei “FC Rikkert”. Hy pakte 90 punten en gie dêrmei fan it 14e nei it dielde 3e plak.

By Sjoerd van Beem giet de flagge út! Nei Europeesk fuotbal mei SC Heerenveen bliuwt hy Jaap Toering ek nochris 7 punten foar yn de SDS League. Dat kratsje bier is dus fertsjinne!

Net ien hie it ferwachte, mar Dooitze Nauta is dochs lêste wurden yn de SDS League mei “Meastal Boppe-oan”. De poedelpriis is foar him.


Sjoch hjir:
wike 12