Weppers freed 11-5

SDS League: Marije 1e!
10 mei 2012
Ut-en ferslaggen 12-5
10 mei 2012

Degradere?
SDS 1 spilet moarn om 14.30 de wichtige wedstryd út tsjin ’t Fean ’58. SDS spilet foar neikompetysje of yn de 2e-Klasse bliuwe. SDS kin yn elts gefal sneon net streekrjocht degradere. Mocht SDS ferlieze en Bertsum winne dan meie sy yn in ûnderlinge wedstryd útmeitsje wa ’t der degradeart. ’t Fean kin ek noch streekrjocht degradere.

Efkes Balje
Jûn kin der wer efkes balle wurde. It festyn fynt alwer plak yn Wommels. It sil om 19.30 oere los gean en it skoft sil iets koarter wêze as ferline wike. Pieter Veenje hat de lieding.

Net traine
It keatsseizoen is wer los en dêr hat de ein fan it fuotbalseizoen altiten lêst fan. Foar ien kear dan …in foto fan twa priis winners.  Mei alle oare keatsfoto’s binne de webmasters fan de keatsferieningen yn dizze buert hiel wiis. 

Wytse en Luuk ut de D2 koenen hjoed net trainen mei hun team. Sy namen it tydens de federaasje partij yn Huns yn de finale tsjin elkoar op. At se elkoar sneon no mar wer moaie baltsjes jouwe!

Programma
Der wiene hiel wat wedstriden mar der binne ek al wer in pear ôffallen. Sjoch
hjir.

SDS A1
Giet sneon net troch.

SDS B1
De b junioren worden morgen om half tien in de box verwacht.
Groet Hester


SDS C1
Giet sneon net troch.

SDS 5
Giet sneon net troch omdat Beetgum te min spilers hat.

Op kampioenskoers
Der binne trije teams op kampioenskoers: D2, C2, E2. Se moatte sneon alle trije út.

Seleksjes
De seleksjes foar kommende sneon binne no
hjir te sjen, dus ek dy fan SDS 4.

SDS League
It waard heech tiid dat de SDS League wer ris troch in frou wûn waard. Wy binne dan ek tige bliid dat Marije de Vries dit kear earste wurden is. De lêste kear dat in frou wûn hat wie 10 jier lyn(sjoch hjir). 

Harsens derby (759)
Michael Jackson is reïnkarneart as fuotballer: