SDS League: Ljouwerter pakt wykpriis!

Weppers woansdei 26-11
26 november 2008
Weppers 27-11
26 november 2008

Dizze wike giet de wykpriis nei Ljouwerter Tsjeard Halbersma. Om it leed fan it ferlies fan SC Cambuur wat te fersachtsjen is de €12,50 dizze wike foar him. In oare Ljouwerter, Jaap Toering, komt mei “Team Toering” krekt in puntsje te koart. Ek SC Heerenveen-supportster Anne-Marije Hofstra komt mei har “Super11-tal” krekt in puntsje te koart lykas de nije SCC-man Jeroen Brouwer mei de “Jodan-Boys”.

Gert-Jan Hiemstra stiet noch boppe-oan mar stiet noch mar ien puntsje foar op “Hallo Venray”(Lolke Hofstra). De rest fan de konkurrinsje komt ek hieltiten tichterby.

Wy ferwachtsje net dat Lolke Hofstra folgende wike boppe Gert-Jan komt te stean. Demouge(WII) is skorst en dêrmei is de grutste angel út syn team helle.

It is opfallend dat Mark Postma dizze wike sakket fan 4 nei 8, want hy hat N’Kufo(TWE) yn de basis. Allinnich N’Kufo soarge al foar 20 fan Mark syn 34 punten.

It is dúdlik gjin waar foar de “Tsjippendails” (Tsjipke Okkema). Hy sakket dan ek fan 7 nei 9.

De grutte ferliezer fan ‘e wike wienen fansels “de Grasvreters” fan Pieter Sytsma. Wat wolle je ek? Mei dit waar is it gêrs net te fretten……..

It “30-Plusteam”(Aant) profiteard fan de blessures en de skorsingen en pakt dizze wike mar leafst 38 punten. Dochs bliuwt hy stiif lêst.

Sjoch hjir de nijste stân:
wike 8.