Weppers 27-11

SDS League: Ljouwerter pakt wykpriis!
26 november 2008
Weppers freed 28-11
26 november 2008

SDS 6?
Om der foar te soargjen dat der in SDS 6 komt dan sille der noch wol in pear leden by moatte. Kinne jim lju dy ’t it ek wol aardich fine soenen om by SDS te fuotbaljen, lit se lid wurde. Sy kinne
hjir lid wurde of sy kinne efkes kontakt opnimme mei Koos Plantinga(tel:0515-332448)

Gjin keeperstrainen
Der is jûn gjin keepertraining foar de jeugd en dames.
Jaap & Marten bin beide ferhindere fanwege it wurk..
Groeten Jaap


Man útskeakelje!

Om’t de A’s juster gjin trainen hienen en Albert Tiemersma fan neat wist, hat er mei it 3e mei traint.

Harm leit de lêste wiken dúdlik it aksint op ‘ witte wêr’t je mei dwaande binne en wêrom ‘ , balje fan út de ferdigening en josels bewust wêze fan je posysje yn it fjild en de bal yn de ploech hâlde.

Op in stuit gong dat even mis en lei Harm it spul stil om útlis te jaan. Sa kaam er ek by Albert, dy’t even dêr foar in minne bal joun hie.

Albert ferûntskuldige him en sei: ‘ Ik bin oars eins noait oan de bal, ik moat fan Lody allinne myn man útskeakelje,

mear net ‘.
Even letter makke er fanôf eigen helte in prachtige goal, tsjin de ôfspraak fansels. Benijd wat Lody hjir fan fynt!

Sjoerd

Famkesclinic 
De clinics fan de famkes binne net op freedtejûn 19.00 oere mar op freedtemiddei 16.00 oere yn de sporthal.

Gjin trainen
SDS D2 hat tongersdei 27 novimber gjin trainen. Jajusterjûn hawwe sy wol traind, mar dat wie mear modderwrakselje as fuotbalje. Mei de groeten fan
Boudewijn Kramer.

VI-kwis
By de VI hawwe sy wer in aardige mar tige drege kwis. Witte jim fan welke klups al dizze logo’s binne?(sjoch hjir).

Champions League
Wa ’t juster net opbliuwe woe foar alle samenvattingen fan de Champions-Leaguewedstriden kin se hjir noch efkes rêstich besjen.

Tûk (2)
Ôfrûne moandei koenen jim de foto hjir sjen fan de skiedsrjochter yn Dútslân dy ’t yn ien kear 2 giele kaarten luts. Hjoed hawwe wy op YouTube it filmke fûn. Mei nammen de Dútske humor om dat filmke is “hilarysk” (klik hjir)…………….

Fuotbal is foar froulju
De froulju sille it iens wêze mei de slogan, mar de manlju seker net. Of miskien de froulju júst wol net. It makket ús ek neat út. De rugbyers ûnder ús kinne der fêst smakelijk om gnize: