Weppers woansdei 26-11

Weppers tiisdei 25-11
24 november 2008
SDS League: Ljouwerter pakt wykpriis!
26 november 2008

SDS 6?
De Technyske Kommisje fan SDS hat justerjûn in gearkomst hân. Der sil nochris besjoen wurde as der nei de winterstop miskien dochs in SDS 6 binnen de linen komme kin. Letter mear hjiroer.

Futsal
SDS 2 spilet jûn om 20.30 tsjin SneekWit-Zwart. Lykas foarige wike fluitet dhr. Van der Weide.

Yn de seal
De SDS-froulju traine jûn fan 21.30 oere oan’t en mei 22.30 oere yn de sporthal. Sy moatte allegear al efkes €1,- meinimme as bydrage yn de kosten.

Op kuenstgers

It earste traint moarn om 20.15 oere op it nije haadfjild van Snits op keunstgers. We fertrekke om 19.45 oere fanof it sportpark. De corvee ploech moar efkes soarchje dat alle spullen meikomme (Tsjalling, Harm & Robert).
Dick

Famkesclinic 
De clinics fan de famkes binne net op freedtejûn 19.00 oere mar op freedtemiddei 16.00 oere yn de sporthal.

Gjin trainen
SDS D2 hat tongersdei 27 novimber gjin trainen. Jajusterjûn hawwe sy wol traind, mar dat wie mear modderwrakselje as fuotbalje. Mei de groeten fan
Boudewijn Kramer.

Kettinghangerke
Juster nei ofrin fan de training fan SDS 1 fûn Marten in kettinghangerke midden op it treningsfjild. Nei efkes poetsen bliken der twa nammen op te stean; Marrit en Hester.
Casanova Erik H. wie der als de kipen by om dit hangerke oan syn kolleksje ta te heakjen. Dizze soe der ea fan twalingsuskes krigen hawwe nei it keatsen. Ek Tsjipke die in poging om dit nepgouden hangerke binnen te slepen mei in goeie smoes. Gelokkich wie swager René sa skerp om yn te grypen en de hanger bij de rechtmatige eigner te besoarchen!

Roze skuon?
Nicolas Anelka fan Chelsea is fan ‘e wike gijzele. Hiel ferfelend fansels. De eask wie dat hy jûn op roze fuotbalskuon spilet yn de wedstryd tusken Chelsea en Bordeaux. It sil ús benije. Wy soenen it yn elts gefal nea dwaan, mar dy swart-wite sokken is gjin probleem…….