Weppers tongersdei

SDS League: Klaas giet foarop!
16 december 2010
Weppers freed 17-12
17 december 2010

Ôflast
Al it amateurfuotbaljen foar kommende sneon yn Distrikt Noord is op ‘e nij ôflast troch de KNVB.

Super!
De sealfuotballers fan SDS 2 moasten justerjûn om 20.30 thús sealfuotbalje tsjin RES 5, mar de KNVB kaam om 16.00 mei it berjocht dat de skiedsrjochter net opdagen kaam. Lokkich genôch wie dêr Jelle de Boer fan it Skrok dy ’t wol efkes fluitsje woe en sa koe de wedstryd gewoan trochgean. Super!

Sealtraine
SDS 2 en 3 sille kommende moarntejûn op ‘e nij yn de seal traine. Sy traine dan fan 19.00 oan ’t 21.00. Allegear wer efkes €2,- meinimme.

Snertrin
Op sneon 8 jannewaris sil der foarôfgeand oan de jierlijkse SDS-nijjierssit ek wer in snertrin wêze. Der sil in kuiertocht wêze om 13.00 fan sa ’n 9 kilometer en om 14.00 kin der draaft wurde. It is de bedoeling dat alle fuotballers fan de A-,B, en C-seleksje meidogge en foar de rest is it foar eltsenien dy ’t fuotballet by SDS of wat mei SDS hat.

Sâlt
Jierren lang hie SDS rûn de Kryst altiten in kearse-aksje. Foar in gûne koenen je 3 kearsen keapje foar de donkere dagen rûn de Kryst. By VV Nijlân ferkeapje se tsjintwurdich wat tsjin de glêde dagen rûn de Kryst (sjoch
hjir).

Harsens derby (357)
Nei dit filmke koe it fansels ek net oars dat Van Wolfswinkel Huntelaar werom pakke soe: