SDS League: Klaas Dijkstra pakt op ‘e nij de wykprys!

Wepperkes -moandei-
5 maart 2007
Rein-wepperkes
6 maart 2007

Dizze wike pakt Klaas Dijkstra op ‘e nij de wykpriis mei “Rob en Frank”. Mei 36 punten bliuwt hy dizze wike krekt “24 augustus Wommels boppe”(Lolke Hofstra) foar. Dizze hie 35 punten.

Klaas Dijkstra op ‘e nij de wykpriis.

Hoe minder it mei Ajax giet des te better giet it mei “
Blinde tyfushond” fan Freddy en Sicco Scheltema. Mei 34 punten dizze wike geane sy fan 6 nei 2. Mocht Ajax oer 2 wiken de boat yngean tsjin PSV dan ferwachtsje wy Freddy en Sicco oan kop yn de SDS League.

De Italianen yn de SDS League dogge it net sa best. Mei troch it omkeapskandaal yn de Serie A foarich seizoen en al de doping yn de fytserij stean Basso(Dirk-Yde Sjaarda) en Materazzi(Gert-Jan Hiemstra) 40e en 41e. 

Theo Krat en Co. fan Jaap Toering is de nije nûmer lêst. Hy pakte dizze wike mar 5 punten.

“Topper” yn de ûnderste regionen is “It Tredde” fan Appie Posthumus. Sy pakten dizze wike ……0 punten.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.