Rein-wepperkes

SDS League: Klaas Dijkstra pakt op ‘e nij de wykprys!
6 maart 2007
Wepperkes -woansdei-
7 maart 2007

SDS 1 giet squashen!!
Om’t der jûn net traint wurde kin yn Easterein en der ek gjin sparringspartner fûn is yn’e foarm fan in oefenwedstriid, giet SDS 1 jûn nei Snits ta om te squashen. Fan 18.30 oere oant 19.30 oere kinne we yn De Stolp te plak. Fertrektiid fanút Easterein is 18.15 oere by de sportfjilden wei. Foar minsken dy’t net sa betiid kinne bestiet der de mooglikhyd om iets letter yn Snits te kommen.
Dirk-Yde Sjaarda

Net traine
Klaas Visser lit ús witte dat it trainen fan SDS D2 en D3 jûn net trochgiet.

Ek gjin trainen
Dit mailtsje krigen wy fan Stoffel:
De training giet jûn net troch fan de froulju!
Akke Rixt hat hjir oer skille want Hindrik de Jong hie net sokke grutte learzen om droech te bliuwen. Jo moatte wat foar de froulju oer ha, mar om no in waadpak oan te dwaan?

Dit soe Hindrik oars net misstean…….

Klassiker!
Mei dit waar fuotbalje kin leuke filmkes opleverje. Dit is fansels in klassiker(klik hjir).

In reinferske
Fanels heart er ek in reinlietsje bij dizze wepperkes. Sebeare sjongt fan “wa stopt de rein” en “The creedence Clearwater Revival “song oer “Who stops the rain.” Wij keazen foar in oare Frysk lietsje. En at jim der ek allegear noch op stimme dan komt diy fêst heger as 29.

Linke sop!
Fuotbalje mei min waar is net sûnder gefaar(klik hjir).