SDS League: Klaas Dijkstra pakt kopposysje!

Weppers tongersdei 21-10
20 oktober 2010
Seleksjes sneon 23-10
22 oktober 2010

Klaas Dijkstra pakt dizze wike it earste plak mei “Team Klaas”. Hy pakt dizze wike 62 punten en komt dêrmei 1 punt heger út as “Ozzy” Hendrik Eringa.


De “Ninja Turtles”(Tom & Pieter) wrotte harren dizze wike krekt boppe “de Wrotters” fan Appie Posthumus. De “Turtles” steane no 3e en Appie 4e.


Hendrik de Jong pakt dizze wike de wykpriis mei 68 punten. Hy giet hjirmei lyk fan it 44e nei it 15e plak.

Boudewijn en Almar Kramer dogge it dizze wike ek mar knap mei “Balcelona” en pakke 67 punten. Sy komme krekt ien punt te koart om de wykpriis te pakken.

Jelmer Posthumus ferlit ús wer foar in skoftke en is wer nei Afghanistan. Hy nimt mei “Postmeister” ek efkes ôfstan fan de koprinners en sakket fan 4 nei 14.

Greet Bouma nimt mei “NHIBD”(Neerlands Hoop in Bange Dagen) de reade lantearn mar wer oer fan “Spilie, Dûse, Sûpe” fan Arjen Los en E.T. Lolke Bouma stiet mei syn “Butchers” hjir noch wer krekt ien plakje boppe.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.