SDS League: Jorine’s 11 pakt wykpriis!

Weppers freed 12-2
12 februari 2010
Weppers sneon 13-2
13 februari 2010

It wie wer in hiel wurk om alles foarinoar te krijen mar nei in pear rûntsjes op de iisbaan en alles noch in kear goed te besjen is it wer slagge. Mar leafst 94 teams dogge mei. Hjir is de earste stân fan de SDS League.

Sy fûn net folle oan de SDS League en hie der spyt fan dat sy de earste helte meidien hie. Sy hoefde dan ek net oan de twadde helte mei te dwaan. Spitic genôch is de ôfspraak dat je automatysk ek oan de twadde helte meidogge. Sy besleat om ekstra har bêst te dwaan en dat is aardich slagge. Sy fynt it no fêst al leuker as de hiele earste helte. “Jorine’s 11” fan Jorine fan Dijk pakt de earste wykpriis. Har freon Dirk de Jong stiet 89e………

Jan Mulder fan Waaksens docht foar it earst mei oan de SDS League en makke syn team efkes yn de Jimbar yn de rêst fan Feyenoord-Ajax. Hy levere him as earste yn en stiet mei “Bulder” lyk twadde.

It liket derop dat Jacob Kah Haitsma der it langst oer dien hat om in team gear te stallen. Hy hie de spilers útsocht dy ’t oan ’t foarige wike de measte punten hienen. It levert him mei
www.kaatspartuur.nl it dielde 25e plak op.

Tsjalling Sikma hie tocht boppe-oan te stean mei syn “Team Pussy”. Hy hie allinnich net yn de gaten dat hy 12 spilers opsteld hie……….

Hendrik de Jong docht net foar neat mei as “FC Bitterbal”. De bitterbal soe meidwaan mei 10 spilers………

“Anne Steen ooit weer op 1” is it bewiis dat wikseljen lang net altiten goed is. Hy levere mar gjin nij team yn en is yn skoften net sa sterk begûn as no. Hy start op in dielde 21e plak.

“Torpedo Toering”(Jaap) giet as in raket (dy ’t del komt………). Hy start stiif lêst.

Dêr giet Jaap…………..

Sjoch hjir foar de stân:
wike 1.