SDS League: Johan Delfsma pakt de 1e priis!

Wepperkes -tiisdei-
2 januari 2006
Wepperkes -woansdei-
3 januari 2006

Johan Delfsma hat mei Nieuw Noord Olé de 1e priis pakt yn de SDS-League. Fan herte lokwinske!!

Nieuw Noord Olé!!!

Op nûmer 2 fine wy lyk ek de beste frou fan de SDS-League. Alise de Vries út Mantgum wint mei FC? de 2e priis.

Klussen is mijn Leven fan Ate Feike de Boer pakt knap de 3e priis. Hie der gjin winterstop(ke) west dan hie der sa trochstoomt nei it earste plak.

FC Munnaps fan Bote Strikwerda sakket yn de lêste wike fan 2 nei 4. Dochs noch best genôch.

Feiko Broersma docht yn de lêste wike noch goeie saken. Mei Op sich de beste ploech pakt hy de wykpriis(foar de twadde kear) en dit levert him ek noch krekt it 5e plakje op.

Foar Harm-Auke Dijkstra is it seizoen rêden. Mei PSV Eindhoven is hy ien nei lêst wurden. Hy lit SCF fan Marco Hoekstra krekt efter him. Marco is dus lêst wurden. Opfallend want mei syn oare team(Stichting Skoalleseize) is hy 6e wurden en falt hy krekt bûten de prizen.
Marco, fan herte lokwinske mei de poedelpriis!

Dit binne de prizen:
1e priis: € 100
2e priis: € 75
3e priis: € 50
4e priis: € 40
5e priis: € 30
Lêste: Poedelpriis (Boek 50 jier SDS)
De wykpriiswinner kriget €12,-.

De prizen wurde heechstwierskynlik folgende wike útkeard.

Binnenkoart kinne jim hjir mear fine oer de “nije” SDS-League.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de einstân: klik
hjir .