Wepperkes -tiisdei-

Liftferslach 2006
1 januari 2006
SDS League: Johan Delfsma pakt de 1e priis!
3 januari 2006

Trainingsjack kwyt
Aan alle F-pupillen, ouder/begeleiders,

Op 30 december jl. is tijdens het kersttoernooi in de sporthal het donkerblauwe trainingsjack, merk Adidas/maat 128 zoekgeraakt. Graag contact opnemen met:
Fam. Breeuwsma, Edens
tel. 0515-331743

Rentree?
It is noch altiten mooglik dat Kees Adema dit seizoen syn debút makket yn de Earste Klasse foar ……….SDS 1. Syn oerskriuwing nei The Knickerbockers is noch altiten net rûn en dus der is noch fan alles mooglik. Kees sels lit alle opsjes noch iepen.

Op trainingskamp?
Wy hawwe fernommen dat Lolke en Willem woansdei nei Dublin(Ierlân) geane. Neffens harren sels geane sy dêr hinne om in konsert te besjen. Wy hawwe ús betinksels. Wy tinke dat sy spesjaal nei Ierlân ta geane om harren optimaal ta te rieden op de kenniskwis fan sneon…..

De SDS League
Jûn kinne jim hjir de einstân fan de SDS League fine. Spannend!

Winkelferbod!!
Per hjoed 2 januari mei der net mear winkele wurde yn Snits wannear it giet om sportartikelen!!!
Omdat ik oersetten bin nei Ljouwert mei it each op promoasje mei der dus allinne noch boadskippen wei komme.
Wie:  Gerard(al bundy shoe sales-man)
Wat: Oansmare fan allerhande artikelen. Fan a tot z
Wer: Wirdumerdyk (nest de bakkerij Bart.)
Werom: Omdat ’t fooooooole leuker, gezelliger is. En omdat ik precies wit wat jo nedich he moatte.
Tot slot: Tevens mei jo ik altiid belje/langs komme om sokken bij mij te bestellen. Wol ofrekkenje fan te voren. De maten bin 35 oant 46. Nei 48
oeren bin se altiid wer op te heljen.
Umbro sokken:
3 paar 4,95
6 paar 7,95
9 paar 9,95
12 paar 10,95
Nike sokken:
3 paar 8,95
6 paar 14,95
9 paar 19,95
12 paar 23,95
Admiral sokken:
6 paar 5.95
12 paar 9,95
Tevens nog een sportief 2006 tawinske!!
G.v.A (Al bundy)


De beste winsken!
Wy krigen de inkelde nijjierswinsken. Tige tank hjirfoar:
*Jim ek de allerbêste winsken en gean sa troch mei dizze prachtige web – side.
Gr. Immie
*Lok en Seine!
Stoffel
*Willem en Aant,
De beste wensen voor 2006. Veel succes met SDS en de site! En ik was blij verrast mijn naam te zien bij het rijtje personen dat jullie bedankten voor hun inbreng voor de SDS site. Leuk!
Sjouke Walinga(webmaster vv ONT)
*Klik hjir
Hendrik Eringa

Midwinter
De kommende wike wurde de foarrondes holden foar de midwintercup. Kommende woansdei  (4-1) is der baljen yn Easterein. SDS hoecht dan noch net, mar der binne wol leuke ploegen te sjen. It begjint om 18.45. Freedtejûn is it SDS jûn: Yn Koudum en Easterein. Ek dat begjint om 18.45.
Poule 11             6 januari 2006 Poule 12             
4 januari 2006
Poule 13       
6 januari 2006
de Sandobbe-Koudum de Greidhoeke-Oosterend de Greidhoeke-Oosterend
Oeverzwaluwen 1 Oosterlittens 1 SDS 1
Mulier 1 Waterpoort Boys 1 Hielpen 1
TOP’63 1 Bakhuizen 1 NOK 1
Nij Engwier 1 Balk 1 Balk 2
SDS 2 CAB 1 Oudega W 1
QVC 1 Workum 2 Arum 1
Klik hjir foar de hiele lotting.

2010?
Dizze foto is yn 2005 makke troch Henk Bootsma. Ein 2006 sil Easterein der wol wer oars útsjen neidat sy útbreiden hawwe. Of giet dit noch jieren duorjen?

Henk Bootsma lit witte mear fan dizze foto’s te hawwen.

Letter mear!