SDS-League: ‘Jelsmanian Devils’ pakt kopposysje!

Weppers freed 22-2-2019
22 februari 2019
Sneon 23-2-2019
23 februari 2019

Jan-Simon Jelsma nimt dizze wike mei ‘Jelsmanian Devils’ de kopposysje oer yn de SDS-League fan syn sweager Sjoerd en maat Robert en stiet mei 113 punten boppe-oan.

Dizze wike op ‘e nij twa wykpriiswinners. ‘Sapper de Vlap’ fan Bauke Dijkstra, Stefan & Dirk Kuperus pakt 65 punten lykas ‘Op naar de Top’ fan Marten Faber.

‘SCC Olé Olé’ fan Johan Delfsma & Jan Friso Bruinsma komt ien puntsje tekoart foar de wykpriis, mar giet wol fan it 21e nei it 6e plakje………. Dochs komme sy noch net yn de buert fan ‘FC Underdog’ fan Anouk Delfsma dy ’t 3e stiet.

Jeroen Brouwer moat as reade lantearndrager noch efkes op gang komme, mar hat noch altiten de nûmer ien nei lêst yn sicht. Dit is Henk Postma mei ‘Henkie Cola’ dy ’t yn de earste helte fan de SDS-League der úteinlik mei de reade lantearn fantroch gie.

Tiisdei komt de aldernijste stân wer fan de SDS-league sa ’t jim fan ús wend binne.

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 2