SDS League: Jan Simon Jelsma pakt 1e priis!

Wepperkes -snein-
6 januari 2007
Oefenprogramma’s SDS 1 en 2.
8 januari 2007


The Jelsmanian Devils binne 1e wurden yn de SDS League. Sy leveren dizze prestaasje sûnder ek mar ien wykpriis te pakken. In frij konstant team dus sûnder pieken mar seker sûnder dalen. Sis mar it PSV fan de SDS League dus. Fan herte lokwinske!

Tom, Pieter & The Heartbreakers waarden twadde en Gerard Posthumus waard mei Sonata Arctica tredde. The Bundy Squad fan Sjoerd van Beem waard úteinlik 4e.

Tom, Pieter & The Heartbreakers dienen yn de lêste wike noch in úterste krachtsynspanning om de earste priis te pakken. Sy pakten hjirmei al de lêste wykpriis mar kamen krekt 7 punten te koart foar it earste plak.

Pieter Kamstra docht yn de lêste wike noch in aardige sprong yn it klassemint. Hy giet mei 59 punten fan 11 nei 6. Hy komt krekt ien punt tekoart foar de wykpriis.

Ewout de Boer is lêste wurden mei Super Solo de Boer. Syn poedelpriis(SDS-sokken) kin hy binnenkoart thús ferwachtsje. Hans Kooistra kaam mei Team Kooistra 11 punten te koart foar de poedelpriis. Dy sokken hienen Hans oars wol stien(klik hjir).

It prizenjild wurdt binnenkoart oermakke.

Dit binne de prizen:

1e priis:           € 100               7e priis:           € 15    

2e priis:           € 75                 8e priis:           € 10

3e priis:           € 50                 9e priis:           € 5

4e priis:           € 40                 10e priis:         € 2

5e priis:           € 30                 Lêste:          Poedelpriis

6e priis:           € 20


Sjoch hjir foar de einstân: wike 15.