Wepperkes -snein-

SDS-ers hjoed op sportive toer
4 januari 2007
SDS League: Jan Simon Jelsma pakt 1e priis!
8 januari 2007

Snert rin tocht
16 dielnimmers diene der mei oan dizze earste snertrintocht. In gefarieerd selskip at wij de foto’s sa besjogge.
 
…en in groep dy’t net oan de kant gie foar de hurddravers. Anke van Dijk besiket hjir de groep foarbij te gean wêr’t Jan de Jong it grutste wurd liket te hawwen.

Snert rin
Mar leafst 64 leden of freonen fan SDS diene mei oan dit spetakel. En it waard in spektakel, want it wie spannend.
Net bij de koarte route: jongfeint Hans Kooistra gie der as in hazze fan troch en liet syn tsjinstanners (Aant, Durk, Eddy, Marco, Tineke) fier efter him.
  
It net echt aerodynamyske burd fan Aant hie seker ynfloed op de tiid.

Bij de lange route wie it Peter Sijbesma dy’t úteinlik as earste de finish helle.
 
Hjir is Tsjeard Halbersma noch oan de lieding en op it moment dat dy tocht, ik set efkes oan, pearde Peter der fan troch.

Utslach snertrin
Meidwaan is it wichtichste mar fansels wurdt er al striden om te winnen….
Klik

1. Peter Sijbesma
2. Tsjeard Halbersma
3. Jildert Hylkema
4. Tsjipke Klaas Okkema
5. Jelmer Posthumus
6. Henk Postma
7. Skelte Anema
8. Bertus Bootsma
9. Dirk de Jong
10 Redmer Strikwerda


Klik
Bij de froulju wie Anke van Dijk de earste.

Snert ite
Klik op de foto om originele grootte te bekijken

Mar leafst 18 liter snert wie der makke troch de ferskillende froulju fan de aktiviteitenkommisje. De snert gie der nei it draven en rinnen yn as in preek yn in âlderling. 

De foarsitter sprekt..
Klik


Douwe Reitsma, foarsitter fan SDS , holdt doe syn earste nijjierpraatsje en hij stipte hiel wat saken oan.

  • it beliedsplan wêr’t it bestjoer mei dwaande is
  • de SDS froulju (oan’t no ta 11 oanmeldings)
  • de problemen om frijwilligers te finen
  • skorsingen dy’t net goed foar de klup binne
  • de spilerspas dy’t ferplichte is
  • Poiesz -dukate aksje, wêroer letter mear
  • it jubileum
  • aktiviteitenkommisje
  • sponsering
  • akkomedaasje
  • de senioren

De kommende wike sille wij in oantal punten mear taljochtsje

Petje op – petje af
Klik

De kwiskommisje hie foar it hiele publyk in petje-op petje af kwis makke. Nei 8 fragen wiene der noch twa dielnimmers oer. Auke Hiemstra en Marcel Frankena. Op de fraach at Oliver Kahn Fryske âlders hie, gie it foar Auke mis en wûn de altyd in petdragende Marcel Frankena de pet en de letter.

SDS- Leaugue
Foar it earst waarden de earste trije prizen fan de SDS-leaugue útrikt op de nijjiersit.
Gearard Posthumus wie tredde wurden,
Tom Pieter en de heartbreakers twadde en Jan Simon Jelsma earste.
Willem Wijnia joech oan dat Jan Simon ta sein hie dat hij as winner graach it PSV liet sjonge woe, omdat hij him ergere hie oan bepaalde supporters fan bepaalde klups dy’t har eigen klupliet net koene.
Fol fjoer en hast op de goeie toan song Jan Simon it PSV liet. Gertjan Hiemstra song ek mei, mar die dat fanôf in briefke(!).

Draaiend rêd
Tusken alle droktes hinne, wiene der ek noch in pear rûntsjes draaiend rêd. De folautomatsyke aaisierder, de nutekreaker, de heal automatyske koarkelûker, de Heineken parapluts en de sjurts kamen allegear bij de goeie eigners telâne. De lêste petten fan it jubileum fan 10 jier lyn waarden ek noch troch feiligmaster Oebele foar 2 euro ferkocht.

De fuotbalkenniskwis
Ype, Gearard en Wichard hiene harren pleatst foar de grutte finale. It waard in spannende striid want nei twa rondes like it der op dat Gearard en Wichard Ype wol hiel maklik oan de kant setten. Mar de Eastereinder fan de Hofkamp kaam izersterk werom en efkes like it der op dat Wichard de finale net helje soe. De kriminele en story eftichtige sportfragen waarden him hast fataal.
Mar it kaam foar Wichard dochs noch goed en foar Ype dus net.
Mei
Gearard en Wichard yn de finale gie it om goed 6 oere los. Wichard liet er gjin misferstén oer bestean: hij woe en soe winne. En dat barde ek. Gearard koe net tsjin dit geweld op en waard earfol twadde.

Mear foto’s
Der binne sneon in oantal prachtige foto’s makke fan de dei.
Jim kinne se sjen op de side fan
Henk Bootsma en op dy fan Jaring Rispens. Jim kinne de foto’s fansels ek bestelle.

Yndieling finales Midwintercup
SDS futsal sit folgende wike yn de finales fan de Midwintercup yn Frentsjer yn poule M4. Sy sitte yn in drege poule mei Waterpoort Boys, Exstador, Warga en Rijperkerk. Sy moatte moarns om 9.30 los.

Útskeakele foar Midwintercup
De fjildfuotballers fan SDS gienen krekt net troch, mar dat jilde foar mear favoryten. De winner fan foarich jier, VV Heerenveen futsal, waard útskeakele troch Sint Annaparochie en Exstador. Ek outsiders as ZVF, Leeuwarden en De Herauten binne al útskeakele.

Programma’s SDS 1 en 2
Moandei kinne jim hjir it oefen- en trainingsprogramma fine fan SDS 1 en 2. Tiisdei 9 jannewaris meie beide teams foar it earst wer traine.

Statistieken
Sûnt
Freeze.it de nije webhost is fan ús webside hawwe gjin lêst mear fan pop-ups en hawwe wy in nije teller. Dizze teller kinne jim hjir fine. Dizze teller telt de unyke besikers fan de webside en telt dus wat oars as ús foarige teller.

Nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer wer út. Hawwe jim noch wat mail it dan nei
ús.