SDS League: Jaap pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 2-5
2 mei 2013
Weppers freed 3-5
3 mei 2013

It giet mar moai boppe-yn de SDS League. De top 10 skoot stadichoan moai ynelkoar. “Veerkracht” fan Bauke Dijkstra stiet noch altiten boppe-oan, mar sjocht de konkurinsje hieltiten tichterby kommen.

De wykpriis is dizze wike foar Jaap mei “Torpedo Toering”. Dit komt moai út, want dan kin der dêr moai in kratsje bier foar Sjoerd van Beem foar keapje, want wy tinke net dat Jaap “FC Ofpraat Wurk/EPO’13” noch ynhelje sil. Dy weddenskip hat hy fêst ferlern.


Jaap fiert mei-iens it 3e kampioenskip efterelkoar fan Ajax

“Ken et za” fan Harm Bergsma docht der noch alles oan om de reade lantearn oer te jaan, mar it wurdt noch in hiele toer mei noch mar twa wiken te gean.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.