Sneon 10-10-2026
10 oktober 2026Weppers freed 16-10-2026
16 oktober 2026Eik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ en ‘FC Dronryp’ fan Tsjalling Sikma pakke mar leafst 53 punten en mei sa de wykpriis diele.
Erik pakt hjir mei ek noch de kopposysje. Tsjaling stiet dield twadde.

Dy twa wiken rêst hat net elkenien goed dien…….. De twa wepmasters bygelyks donderje de top 11 út. Sy hienen mar 22 en 18 punten…..
‘FC Retired’ fan Kevin den Haan docht it prima en giet dizze wike fan 13 nei 5. Hy bliuwt aardich konstant. De earste twa wiken pakte hy 52 punten en dizze wike 51. Krekt te min foar in wykpriis.
De twa wiken rêst by SDS 4 dogge Hendrik de Jong goed. Hy hat mei ‘Henkie Heisenberg ***’ in knappe wike en giet fan it 44e nei it 17e plak.
‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem en ‘The Prince of Darkness’ Hendrik Eringa steane no tegeare ûnderoan. Beide hawwe sy noch mar 83 punten totaal. It sil dochs net sa wêze dat de poedelpriisplaat yn twaen moat? Dan noch better tegeare ûnder in poedelpriisparaplu.


