Weppers moandei 19-10-2026

Weppers freed 16-10-2026
16 oktober 2026
Weppers freed 16-10-2026
16 oktober 2026

SDS 1 út de beker

SDS 1 ferlear sneon de bekerwedstriid fan vv Kollum 1 mei 0-2. Kollum wie krekt in maatsje te grut. Hjir kinne jim noch in ferslach lêze en wat foto’s besjen.

Easterein , 17-10-2026 , vv SDS – vv Kollum (beker) , Sander Gietema(K) in duel met Ate Schaap
Foto: Dijks Media / Anne Waterlander

SDS 2 troch yn de beker

Auke ticht bij hus, maar SDS 2 hat heimwee
De wyt-swarte enclave mocht wer oantrede foar een potsje yn de beker. Dat hald yn dat je ik efkes ploegen treffe bûten de Greidhoeke. Dit betekende foar it twadde in reis nei Burdaard yn it hege noarden.
De profclubs planne mei sokke reiskes in hoteloernachting, dat paste bij us net yn it budget. Dit wie ek te sjen oan de minne start fan de wedstriid. Wol de oerhan, mar dit levere weinig kansen op. It wie in skot fan Ewout die efkes wat leven yn de brouwerij brocht. Ek Sietze underskepte een bal, wat fuortendaliks resulteerde yn in aardige kans. Spiitig genôch stoen de keeper nog yn it paad.
Foar de twadde helft hienen de mannen elkoar efkes dudelijk makke dat it oars moest. En oars gong it…. 1-0. Einliks hast gjin kans foar de thusploeg, maar ut wat slordigheden untsoen dan toch wat romte foar een foarset die er wat nuver ynfoel, maar die telle ik.
Ferfolgens seagen we wer een sprankje fan it fertrouwde fjildspul. Dit levere dan ik al gauw fia een wiere stiftbal een ‘beauty’ fan een goal op foar Auke. Dernei wie it ik al redelijk snel een djiptebal op de rjochterflank nei Sietze, die joech hem oer de grûn foar, wer’t Jochum mei een bloedgang oan kaam setten. Die jaaide him ferfolgens keurich yn de rjochterbovenhoek.
Oer it lêste diel fan de wedstriid kin we een soad skriuwe, maar dan krije jo sels fan it lezen it hinne en wer.
It belangriikste? Bekerwinst en we zitte wer yn de koker!

Mei freonlike groet,
De skriuwkommisje fan SDS 2

Rabo ClubSupport

De Rabo ClubSupport-aksje sit der wer op en dat hat SDS gjin wynaaien oplevere. Der kin mar leafst 1661,32 eurie byskreaun wurde. Allegear tige by tige foar jimme stimmen.

SDS-League

Wy hoopje woansdei mei de nijste stân fan de SDS-League te kommen.

De nije Treffer

Wy binne drok dwaande mei de nije Treffer en hoopje dat hy ein nije wike út komme kin. As jim noch wat hawwe stjoer it dan nei willem@vv-sds.nl.

Harsens derby (2423)

Ho………………..

 

Dit bericht op Instagram bekijken

 

Een bericht gedeeld door Mac Chisholm (@macchisholm1)