Weppers freed 16-10-2026

SDS-League: ‘Jopie Kwast’ en ‘FC Dronryp’ diele de wykpriis!
13 oktober 2026
Weppers moandei 19-10-2026
19 oktober 2026
SDS-League: ‘Jopie Kwast’ en ‘FC Dronryp’ diele de wykpriis!
13 oktober 2026
Weppers moandei 19-10-2026
19 oktober 2026

Programma

It is hjerstfakansje, dus moarn op ‘e nij mar in lyts programma.
SDS 1 en 2 spylje foar de beker.
SDS/Nijland O11-2 hat in fakansjetripke nei Skylge.

Beker: SDS 1 – Kollum 1

SDS 1 hat klauwen yn de 3e-Klasse en mei no yn de beker sels tsjin in 2e-Klasser. Mar hoe moai is it dat it thús is tsjin in âlde bekinde. De mannen fan vv Kollum komme moarn del. Ynmiddels is it alwer mear as 10 jier lyn dat wy foar it lêst tsjin vv Kollum balle hawwe. SDS is no 3e Klasser en vv Kollum spilet yn de 2e Klasse en docht dat net ûnfertsjinstlijk. Sy steane sels(dield) boppe oan tegeare mei Grijpskerk. It kin al skele dat sy allinnich mar mei Grinser ploegen yn de 2e-Klasse sitte.
Wat sille sy it dan ek noflik fine dat sy wer ris nei in Fryske fuotbalferiening meie. Al moatte sy der al in ein fierder foar reizgje.
Seleksje SDS:
Mark
Wiebren
Remco
Gerwin
Niels
Tim
Robin
Wytze
Jelmer
Pieter S
Wiebe
Pieter B
Ate
Kees

Skiednis

Yn de folgende Treffer kinne jim fan alles fine oer de skiednis tusken SDS 1 en vv Kollum 1. Op Voetbalnoord.nl sjogge wy in hystoaryske ‘hystoaryske’ útslach. Yn 1995 wûn SDS bygelyks mei 7-0 fan Kollum. De Kollumers dienen it doe heechstwierskynlijk kollum oan……
SDS wûn dus mei 7-0. Doelpuntenmakkers by SDS wienen Klaas Westra, Klaas Visser, Robert Sijbesma, Robert Hoekstra en Jappie Wijnia(3x).

Foarsizzing

Beker: FC Birdaard 2 – SDS 2

SDS 2 is yn jierren wer ris troch yn de beker en is noch altiten ûngeslagen dit seizoen. Wy binne benijd hoe lang as sy dit folhâlde.
Seleksje:
1. Jorrit (k)
2. Arjen
3. Bauke
4. Ewout
5. Auke
6. Gjelt
7. Jelte-Pieter
8. Jurjen
9. Redmer
10. Sietze
11. Sjirk
12. Jildert
13. Pieter B
14. Jochem

Fertrek: 10.45 oere
Wedstriid: 12.30 oere
Koach: Tjeerd
Flagger: Jan

Fan de oktober-novimberfestkommisje

Hâld sneon 28 novimber 2026 frij yn de aginda. Dan is it namelijk nei de thúswedstriden fan SDS 1 en 2 wer tiid foar ús Oktober-Novimber-AprésSkiFeest (of iets yn dy rjochting)..
Rekkenje mar fêst op in DJ, tapperij, biertafels, pullen en alles der op en deroan sa at jim fan ús wend binne!
Hâld de kommende tiid de webside en de Treffer yn de gaten foar mear ynformaasje.
Op nei wer in geselliche sneon!
Zum Wohl!
De Feestkommisje.

Harsens derby (2422)

2-0…………….