Weppers moandei 19-10-2026
19 oktober 2026Op 16 oktober is Gauke Halbersma yn Boalsert ferstoarn.
Wij winskje syn famylje sterkte ta.
De âld Itenser hat in oantal jierren bij SDS spile
Gauke is fan 1959 en hij is lid wurden fan SDS yn 1972, doe’t er 13 jier wie

Yn jeugd makke hij mei B1 it tripke nei Skylge

Steand: master Jan Strikwerda, Ids Boersma, Hendrik Kuiper, Wybren Bruinsma, Jouke Hovinga, Freddy Scheltema, Wytse Lanting, Martin Jorritsma, Floor Kleinjan, master Freark Smink.
Op hurken: Gauke Halbersma, Kees Hofstra, Sjoerd Boonstra, Oene Hofman, Siebren Hofman, Wouter Hijlkema, Anton Houtsma.
Bij SDS 1
Gauke koe aardich balje en slute op jonge leeftyd oan bij SDS 1.
Wij komme syn namme tsjin yn stikjes tusken 1976 en 1979
Wouter Hylkema oer Gauke:
“Gauke wie seker in goeie fuotballer mei in enorm rinfermogen.
Hij like nea wurch te wurden.
De trainer fan doe doarde it oan om Gauke as 17 of 18 jierrige yn de wedstriid tsjin Woudsend op Durk Pietersma te setten, de beruchte spits.
Gauke rêde him der mei”.
Blessure
De karriere fan Gauke bij SDS 1 duorret mar koart.
Wouter Hylkema:
“Hij rekket yn in seizoen blessearre en it gie om syn meniskus.
Dat kin wer oergean, mar wij sjogge Gauke net werom.”
It docht bliken dat hij sûkersykte hat en yn septimber 1980 meldt hij him ôf as lid.
Hij is dan 21 jier.

Gauke hat noch wol sportive prestaasjes levere (11 stêden kruskes) mar hat letter slim te lijen fan syn kwalen en wurdt al in oantal jierren ferplege yn Bloemkamp yn Boalsert
sc Hearrenfean
Wouter hat ek noch in aardige anekdoate oer Gauke.
“Myn omke út Itens giet altiten nei sc Hearrenfean op sneintemiddei.
Dy omke wennet neist Gauke.
Gauke wol graach mei, mar it is snein en dan jilde der oare rigels yn huize Halbersma: net nei it fuotbal
Mar Gauke tinkt dêr oars oer.
Hij rint dan middeis nei Rien en wachtet dêr op de auto mei syn buorman en mij. ”
Plakboeken
Gauke hat syn seizoenen bij SDS goed bijholden. Alle stikjes út de krante komme yn in plakboek.
De argyfkommisje hat dêr letter gebrûk fan makke en ek dy stikjes kinne jim allegear op de wepside fine
Syn heit
Gauke syn heit is in trou supporter fan Gauke mar ek fan SDS 1.
Jierrenlang fytst Halbersma fanút Wommels sneontemiddei nei de thúswedstriden fan SDS 1
Op de foto
Der binne net safolle foto’s yn it argyf mei Gauke der op.
It liket der op hij op dizze rjochts ûnder op hurken sit.
Foto is nommen yn Starum bij QVC?



