Weppers freed 3-5

SDS League: Jaap pakt wykpriis!
2 mei 2013
Seleksjes sneon 4-5
3 mei 2013

Efkes Balje
It Efkes Baljen is hjoed om 19.30 op it fjild yn Wommels.

Rinsma foar Remco
Sneon 4 maaie wurdt der by METZstyle en Visagie knipt foar it KWF. Fan 8.00 oan ’t 12.30 wurdt der sûnder ôfspraak knipt foar in spesjaal pryske fan 15 euro per persoan. It hiele bedrach giet dan nei Rinsma foar Remco.

Skiedsrjochter socht!
Scheidsrechter gezocht voor komende zaterdag voor de Dames 2 (VR2) om 10.00 uur.
Graag melden bij Auke Eringa, telefoon 33 26 49. Graag melden voor vrijdag avond 19:00 uur. 
Alvast bedankt. 
MVG., Friso

Skiedsrjochter fûn!!
Douwe-Dirk Reitsma sil moarn de froulju fan SDS Vr. 2 tsjin Makkum Vr. 1 fluitsje. Alfêst tige by tige!
Auke


Midsimmercup
Op sneon 8 juny sil der yn Dronryp wer fuotballe wurde om de Midsimmercup. Ek sil der dit jier wer in ploegje SDS’ers hinne.

Trefferbesoarger socht foar de helte fan Easterein!
Grietje Orsel stoppet nei it fuotbalseizoen mei it besoargjen fan de Treffer yn Easterein. Wy binne tige bliid dat sy dit in pear jier foar ús dien hat en wolle har hjirby alfêst tige tank sizze.
Wa it fan har oernimme wol mei wol efkes maile nei DeTreffer@vv-sds.nl. Grietje besoarge de Treffer altiten yn de helte fan Easterein.

SDS 3 wint op ‘e nij
SDS 3 hat juster foar de 4e kear op rige wûn. Sy kamen yn de earste helte mei 1-0 efter tsjin NOK, mar wisten dit yn de twdde helte om te bûgjen. Ids makke knap de lykmakker mei in strakke frije traap yn de lofter hoeke en Mark kopte knap de winnende binnen.

Seleksjes
Hjir steane de seleksjes fan de seniorenalvetallen foar moarn. Wa ’t net fuotballet ferwachtsje wy moarn rûn it fjild.

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen.

Harsens derby(1020)
Mei syn trijen allinnich op de goal ôf. Dat kin net misgean………….