SDS-League: ‘Hiemteam’ pakt de wykpriis!

Lokwinskweppers tongersdei 19-9-2019
19 september 2019
Weppers freed 20-9-2019
20 september 2019

Niels Hiemstra mocht dit kear sels it ‘Hiemteam’ gearstalle ynste fan dat syn heit him der mei bemoeide en dat levert lyk in wykpriis op. Mei Malen (PSV) yn de basis pakte hy sa allinnich al 20 punten…….

‘SCC Olé Olé’ fan Johan Delfsma en Jan-Friso Bruinsma springt ek út de startblokken mei mar leafst 62 punten en in kreas 2e plakje.

Hendrik de Jong hie mei ‘Henkie Heisenberg***’ goed tarieden op de earste seizoenshelte, want hy begie mei de fuotballers dy ’t oant it begjin fan de SDS-League de measte punten hienen. Dit levert him yn de earste wike in dield 13e plakje op.

It meast opfallende team is dat fan Jelmer Posthumus mei ‘XX Dappere Strijders XXX’.
Hjiryn steane allinnich mar âld-Ajacieden yn:
Vermeer(FEY)
Tagliafico(AJA), Burnet(EMM),Van Rhijn (HEE),Viergever (PSV)
De Wit (AZ), Emanuelson (UTR), Bazoer (VIT)
Sierhuis (GRO), Van der Water (HER), Johnsen (PEC).
Efterôf wie it miskien wol handich west om eks-Ajacied Malen (PSV) der yn te setten……….

In âlde bekinde pakt de reade lantearn. Rémon Rameau docht mei as ‘Adem in, Adem Zuid’ en begjint net al te florisant. It skeelt dat hy de reade lantearn dielt mei ‘FC De Reservebank fan Annejan Hallema.

Der siet noch in lyts flaterke yn de puntentelling fan de SDS-League, dus de stân is efkes oars dan wy tongersdei melden….. It flaterke siet him foaral by de lju dy ’t Halilovic yn de basis hienen.

SDS League 2019-2020 earste helte wike 1