Weppers freed 20-9-2019

SDS-League: ‘Hiemteam’ pakt de wykpriis!
19 september 2019
Sneon 21-9-2019
20 september 2019

Swarte sneon?

Yn Easterein is moarn mar in relatyf lyts programma. Dochs binne der wat te min skiedsrjochters. Der binne genôch dy ’t fluitsje kinne, mar it liket wol of binne se allegear mei fakansje. Is der ien dy ’t moarn de wedstriid fan SDS 3 of SDS 4 liede wol dan heare wy it graach!
SDS 3 en 4 moatte om 14.30 oere.
Fluitsje? Dan graach skilje mei Willem 06-0615560180
Afbeelding kan het volgende bevatten: tekst

SDS 1 iepent it seizoen wer yn Koudum

Krekt as eardere jierren mei SDS 1 it seizoen begjinne yn Koudum. Oeverzwaluwen 1 is de tsjinstanner. Om 14.30 sil besocht wurde de trije punten dizze kear wol mei te nimmen.
De seleksje: Erik, Frank, Gerwin, Habtamu, Jaap, Jacob-Klaas, Lourens, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven, Wiebe en Wierd.

SDS 2 nei Minnertsgea

Om 14.30 sil SDS 2 yn Minnertsgea oan de start stean fan de earste wedstriid fan it kompetysjeseizoen.  Kin it moaie begjin yn de beker in ferfolch krije?
Dizze seleksje wurdt moarn om 13.00 oere op it sportkompleks ferwachte:
Bauke, Hendrik, Luuk, Robin, Arjen, Ewout, Jesse, Jort, Lieuwe, Niels, Sjoerd de V, Sjoerd W, Tjeerd, Wesley en Wietze.

SDS 3 yn Easterein fan start

It nije team SDS 3 begjint de kompetysje om 14.30 oere op it eigen fjild tsjin de  kypmantsjes út Drylts. Hoe sil it de nije meast heryntredende fuotbaltalinten fergean tsjin YVC 2? De seleksje wurdt om 13.45 oere ferwachte om harren te ferklaaien om om 14.00 oere op de foto te gean.
De seleksje: Anne, Haije Jan, Hendrik, Jelmer, Kees, Mark, Marten, Pieter, Piter, Sjoerd, Stefan, Watze Jacob, Willem en Jildert.

SDS 4 tsjin Bakhuizen 2

SDS 4 mei ek om 14.30 oere tjús oantrede. Bakhuizen 2 is de tsjinstanner.  De seleksje:
Peter, Eeltje, Wifi, Broer, Doede Douwe, Gertjan, Allert, Hallema, Remon, Sytse, Ralphino, Andries, Klaas en Steffen.

SDS 5 nei Snits

ONS 5 is om 14.30 de tsjinstanner fan SDS 5. Op it Zuiderpark yn Snits kin SDS 5 nei in noflike simmerstop de earste punten binnenslepe.
Dizze seleksje rydt om 13.40 oere dy kant op: Harm, Anco, Auke, Feite, Gert-Jan, Harm, Henk, Jan Simon, Peter, Robert, Ronny, Syb,  Tjipke en Wichard.

SDS VR1 nei Harns

Zeerobben VR1 is de tsjinstanner fan SDS VR1. Om 12. 00 oere fertrek út Easterein en 12.05 oere by it Reade Hynder wei. Om 13.35 giet it los yn Harsna.
De seleksje: Dina, Elske, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Jeska, Seriëtte, Sieta en Sietske.

SDS VR2 op freed yn aksje

Jûn sil SDS VR2 wer los yn de 7 tsjin 7 kompetysje. sc Bolsward, Oosterlittens en St Dronrijp/Foarút binne de tsjinstanners yn Boalsert.

Harsens derby (2157)

In foutenfestival!

Letter miskien wol mear!