SDS League: Hampie pakt wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
5 november 2007
Wepperkes -woansdei-
6 november 2007

Harm Auke Dijkstra hoecht net lang te treuren nei it ferlies fan syn favoriten ôfrûne sneon tsjin SC Heerenveen. Dit soarge der namelijk foar dat hy mei syn “PSV Boeruh” de wykpriis pakt.

It wurdt wat in saai ferhaal, mar “Eastender Nightmares” fan Sybren Wijnia stiet noch altiten stiif boppe-oan.

“Al Bundy; The Chief” fan Sjoerd van Beem die it net gek en kaam foarige wike sels op in 2e plakje. Dizze wike sakket hy alwer nei it 11e plak.

Wy ferwachtsje dizze moanne hiel wat fan “November Rain”(Gerrit Terpstra). Hy giet lyk al fan 50 nei 40 dizze wike. Miskien wie “November Tornado” noch better west.

Pier Faber komt heechstwierskynlik net sa fier mei “Hoe fier komt Pier”. Dit wykein hie hy mar 13 punten en hy rekke ek nochris Jaap Stam kwyt.

“P. van P.” rint út. Hy is noch stiif lêste en is no al 31 punten los fan nûmer ien nei lêst “RTMN” fan René Zijlstra. 


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.