Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
4 november 2007
SDS League: Hampie pakt wykpriis!
6 november 2007

Futsal: SDS 1 op it lêst ûnderút
SDS 1 gie justerjûn yn de lêste minút ûnderút tsjin Old Forward. It waard yn Vledder 5-4.
SDS gie gehavend nei Vledder ta. Sy misten Tseard, Harm, Robert, Tsjipke en Willem. Peter hie oerdei noch spuit mar moast mei. Harm-Auke wie op it lêst noch oan de seleksje tafoegd om yn elts gefal genôch te hawwen. Feite, Jan-Simon, Skelte en Anne wienen de oare 4.
SDS kaam 1-0 foar mar doe ’t it nei de rêst 4-1 efter stie like it dien. Dochs waard it noch 4-4 en troch in fabelachtige redding fan de keeper, latte en peal kaam SDS net op foarsprong. Old Forward wie dizze wike de meast gelokkige en makke op it lêst noch de 5-4.
De doelpunten fan SDS waarden makke troch Feite(2x), Skelte en Anne.

SDS 3 goed op dreef
SDS 3 wûn ôfrûne sneon op ‘e nij. dit kear fan Trynwâldster Boys 2. SDS 3 hat dizze kompetysje noch ner ferlern. Klik hjir foar it ferslach fan Wichard oer û.o. de pot appelmoes fan Pytrik, it flagjen fan Jelte, de pingel fan Enne en noch folle mear.

Kûten
Neffens Tsjalling Sikma kinne de kûten dy ’t snein hjir op de webside stienen mar fan ien wêze:
De kuiten zijn 100% zeker van Floris er is maar één op de wereld met zulke dikke kuiten!
Groeten, Tsjalling
Immie Kamstra kin har hjir wol yn fine:
Dy kûten binne fansels fan Floris, der is mar ien dy’t mei de sokken op de ankels spilet.
Gr. Immie

In dream
Wat er yn
dit filmke bart is de dream fan Stoffel Bouma. Hij soe sa graach in ein meitsje wolle oan it loopke fan dizze foks om syn friezer te fullen mei foksefleis. Of tochten se bij Fulham dat se Henk Vos kontrakteard hiene?

Help Steffen de winter troch!
Steffen Bruinsma is syn nije spikerbroek (strjitwearde 100 euries) kwyt.
Doe’t er op it stasjon fan Boalsert syn OV kaart ut de tas pakke soe en derby syn nije broek even ut de tas helle, is er ferjitten om dizze der wer yn te dwaan.
In middei winkeljen is, sa as alle fuotbaljende manlju witte, dreger as in hiele wedstryd mei ferlining te fuotbaljen. En dat hat ek by Steffen wer bliken dien.
Yn Wommels oankaam hat er fansels daliks de bus werom nei Boalsert pakt, mar syn broek wie al fertrokken, mei ûnbekinde bestimming…..
Wy fan SDS3 roppe dan ek alle minsken op om ut te sjen nei Steffen syn broek. Hy is makke fan spikers en blau fan kleur.
Mail nei:
helpsteffendewintertroch@lutjebroek.com
Alfêst bedankt!

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League besjen.

Fan Down Under

Dirk-Yde Sjaarda lit witte eindliks wer ris efkes fuotballe te hawwen. Hy die dit yn in parkje yn Brisbane. Wy hoopje foar him dat it fuotbaljen neffens deregels fan de FIFA wie en gjin Australysk Rules Football(klik hjir).
Mear fan Dirk-Yde kinne jim lêze op syn webside(klik
hjir).