SDS League: Feiko pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 1-10
30 september 2015
Seleksjes sneon 3-10
1 oktober 2015

It is dizze wike Feiko Broersma mei GVR dy ’t de wykpriis pakt. Mei mar leafst 61 punten hie hy 9 punten mear as “Maak er maar drie kratjes van, Gertje” fan Eeltje Postma en  “FC De Stakkers” fan Tom Wijnia. Sy komme hjirmei alle trije in stikje tichter by nûmer 1 “FC DWOpke” fan de “technysk direkteur fan SDS” Durk Okkema.


Feiko mei gang nei it twadde plak!

Der binne in stik of wat teams dy ’t nei twa wiken wat koppeltsjes foarmje. Sawol yn de earste as twadde wike pakke sy likefolle punten. Miskien kinne wy nije wike sjen as sy écht deselde teams hawwe.

Hielendal gjin minne wike foar “FC Bakvet” fan Halbe-Willem Overal, mar hy stiet noch wol lêst.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.