Weppers tongersdei 1-10

Weppers woansdei 30-9
29 september 2015
SDS League: Feiko pakt wykpriis!
1 oktober 2015

Fan herte lokwinske!
It liket de hiele wike wol feest! Hjoed is namelijk Sjoerd van Beem jierdei! Fan herte lokwinske!


Feessie yn de kantine!
Sjoerd van Beem is der jûn dan miskien sels wol net, mar dat betsjut net dat wy jûn net in feessie boue kinne yn de kantine. Nei it trainen is eltsenien útnoege om efkes ien te keapjen op Sjoerd syn jierdei. Fansels hawwe wy syn favorite sport, fuotbaljen, op de tillevysje en sille syn favorite plaatsjes draaid wurde. Syn favorite barman, Jan Stenekes, is der om de fleskes te dopjen!
Kom allegear!

Flagje
Rick Hendriks sil, lykas ôfrûne sneon, ek kommende sneon flagje by SDS 1 tsjin DWP 1.

D1

Sneon kaam ek D1 op de foto. Wa’t dêr allegear bijsitte kinne jim
hjir sjen.

SDS 2 op de foto
Kommende sneon sil SDS 2 op ‘e nij probearje om goed op de alvetalfoto te kommen. Foar de wedstryd tsjin Oeverzwaluwen 2 sil der probeare wurde om yn de goeie sjurts efter it goeie reklameboerd te stean. De spilers wurde dan ek al om 13.00 yn Easterein ferwachte.

Alde Treffer 1988

Je tinke soms dat de kop fan in artikel past bij de foto. Of oarsom. Yn dit gefal is dat net sa. Wij sjogge in spiler mei in hiel soad ynset op de foto. Yn 1988 wie dit tsjin Zwaagwesteinde.

SDS League
De nije stân fan de SDS League wurdt jûn bekend makke yn de kantine.

Harsens derby (1599)
Earst skore en dan………………..”tèttút tètút, tètút!”