SDS-League: ‘FC Op nei de top’ pakt de wykpriis!

Foto’s Appie en Aant
14 maart 2021
Foto’s mei Freddy
17 maart 2021

It is dizze wike Gerlof-Jan Hofstra dy ’t mei ‘Fc Op nei de top’ de wykpriis pakt! Hy bliuwt ‘de Supersubs’ fan Dirk de Jong en ‘Bulder’ fan Jan Mulder beide krekt ien puntsje foar. Gerlof-Jan docht sawisa goeie saken, want hy giet fan it 13e nei it 4e plakje ta.

De top 10 is ek wer hielendal oer de kop gien. ‘BarbEeltsje’ Postma stiet no boppe-oan en ‘FC Munnaps’ fan Bote Strikwerda stiet tegeare mei ‘Okke Boys’ fan Okke van der Kamp 2e op 4 punten ôfstân. Okke docht it mar knap neidat hy de foarige edysje der noch mei de poedelpriis fan troch gie.

Wiken koe Niels Hiemstra in lange noas nei syn heit lûke, mar no is it oars. Mei ‘Beter dan Gert-Jan’ begie Niels knap, mar wurdt it hieltiten minder. Hy is sels sakke nei it 48e plak. Twa plakken ûnder syn heit Gert-Jan mei ‘Hiemteam’ en ek noch 10 plakken ûnder omke Tsjalling Sikma mei ‘FC Dronryp’.

It begjint der op te lykjen dat de poedelpriis no al hast fersein is. ‘Dy Kloaten’ fan Thys Bruinsma had de klad der aardich yn en pakte in ‘seizoenrekord’ mei mar 5 punten. As wy de ferfal fan syn puntenoantallen fan de lêste wiken sjogge dan soe der nije wike nul punten hawwe……

 

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 5