Weppers woansdei 14-9-2022

Weppers snein 11-9-2022
11 september 2022
SDS-League: ‘FC Op nei de Top’ lyk te plak!
15 september 2022

Ljochten foar de helte oan

Om kosten te besparjen soe it bestjoer fan SDS en de Skoalleseize graach sjen dat by de trainingen net mear as de helte fan de ljochten brûkt wurde. By oanlis fan de fjilden is besjoen as dit genôch is om mei te trainen en dit moat foldwaande wêze. De ljochten wol graach stadich oan efter elkoar oansette sa as op de beskriuwing yn it hokje stiet, sadat de sekeringen der net út knalle.

By wedstriden moatte wol alle ljochten oan

SDS 1 – SDS 2

Hjir moatte je bijwêze. Jûn om 20.00 oere yn de sporthal. Twa teams fan SDS bijelkoar yn de kompetysje. Jûn de earste konfrontaasje.

Sneon bekerje

Kantine

Tongersdei is de kantine fanôf in oer as 20.30 oere wer iepen foar belangstellenden. Tim Sweering sil elkenien betsjinje. It is Europa-League-jûn, dus it grutte skerm kin wol efkes oan.

En de frituur?

SDS 2 – 1964

Bauke de Boer syn heit hat hiel lang fol holden dat hij nea kampioen west hat bij it fuotbaljen.
Oant sneon 3 septimber leaude Bauke dat. Doe trof hij Jan Jelsma bij it jubileum en dy wist seker dat se kampioen wurden wiene mei SDS 2 en dat Piet de Boer dêr ek bij hearde..
“Ik haw noch in foto yn it plakboek” sei Jelsma dy’t yn Beilen wennet.


Wij krigen de foto mei de nammen en sjoch nei al dy bekende of ûnbekende toppers. Yn de folgende Treffer mear hjir oer.

SDS-League

Wy hawwe de teams foar de SDS-League wer binnen en komme moarn mei de earste stân.

 

Harsens derby (2088)

Toet, toet!