SDS-League: ‘FC Mukkes’ pakt de wykpriis!

SDS-enkête. Ful him yn foar 17 desimber!
14 december 2020
Weppers woansdei 16-12-2020
16 december 2020

It is dizze wike ‘FC Mukkes’ fan Kevin den Haan, Mark Klijnsma en Wessel Schraa dy ’t de wykpriis pakt. Mei 60 punten hienen sy elk 20 punten en krekt 3 mear as ‘Algemeen Fons’ fan Sjoerd Rispens en ‘Sergio Padt to Victory’ fan Bauke Dijkstra, Stefan en Dirk Kuperus.

Mei noch 2 spylronden te gean stiet “De Regenjas” fan Thor Ruiter en Kris Gaastra noch altiten boppe-oan mei mar leafst 27 punten foarsprong op de nûmers 2; “Bulder” fan Jan Mulder en ‘Algemeen Fons’ fan Sjoerd Rispens, 28 punten op nûmer 4; ‘Strikky’s United’ fan Seriette Strikwerda en 29 punten of nûmer 5; ‘Hey Ho Let’s Go’ fan ien fan de wepmasters.
Mei oare wurden; it ferskil tusken de nûmers 2 en 5 is mar 2 punten.

Seriette Strikwerda giet mei ‘Strikky United’ as in trein yn de SDS-League en liket fol foar de oerwinning te gean. Mocht sy dizze edysje winne dan soe it foar it earst wêze sûnt it seizoen 2012-2013 dat der wer ris in frou wint. Doe wûnen Jorine van Dijk en Imke van der Leest de earste helte fan it seizoen 2012-2013 mei ‘JorImke’.

Rémon Rameau hie wol in hiel belabberde wike mei ‘Tentsje bouwe’……… Hy hie mar 10 punten en wie dêrmei fierwei de minste………
It wie ek net echt waar foar ‘Tentsje bouwe’….

Okke van der Kamp giet mei syn team “FC Okke” fol foar de poedelpriis. Hy is noch altiten yn it besit fan de reade lantearn en is no 11 punten los fan Aant Hofstra mei “Ut de losse pols”.

 

SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 8