SDS League: FC Hallema pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 23-3
23 maart 2017
Weppers freed 24-3 (mei seleksjes)
24 maart 2017

Foto fan Arjan HallemaIt is dizze wike ‘FC Hallema’ dy ’t de wykpriis pakt. Arjen koe sneon efkes frij as leider fan SDS 4 y.f.m. te min spilers en hat lyk al syn enersjy stutsen yn de SDS-League. Dit hat fertúten dien mei in wykpriis en it levert him ek noch in twadde plakje op.

‘FC Pipegaal’ fan Inne, Gerwin en Yward fan de JO19 grypt krekt njonken de wykpriis. Sy komme krekt 2 punten te koart. Dochs meitsje sy in knappe klapper troch fan it 27e nei it 8e plakje te ‘krûpen’.

Sjoerd van Beem stiet mei ‘Frysk Bloed Tsjoch Op’ net gau yn de brân en bliuwt ‘gewoan’ koprinner mei 11 punten foarsprong op de nûmer 2.

‘Jacob’s Kaas’ hat him efkes rêstich hâlden, mar docht no wer hielendal mei mei syn 3e plakje en mar ien puntsje efterstân op de nûmer 2.

‘Maccabi Marco’ hat him noch altiten rêstich ûnderyn en hat as reade lantearndrager noch altiten in gat fan 19 punten mei nûmer ‘ien nei ûnderst’ ‘Pretpakket’ fan Tseard en Dirk.

Kommend wykein efkes gjin Eredivisiefuotbaljen y.f.m. interlandfuotbal. Oer 2 wiken hjir dus wer de nijste stân. Dy wyks derop giet alles oer de kop, want dan is der in dûbel programma.

 

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 6