Weppers freed 24-3 (mei seleksjes)

SDS League: FC Hallema pakt wykpriis!
23 maart 2017
Sneon 25-3
24 maart 2017

Poiesz-aksje

Oant 2 april kinne jim de munten noch by de Poiesz krije en ynleverje. Foar SDS stiet der yn de Poiesz yn Skearnegoutum in koker. Yn de kantine stiet ek in Poiesz-bus. Dêr kinne jim se moarn moai efkes yn dwaan as jim dochs yn de kantine komme.

Alvetalfoto’s

It seizoen duorret noch in twa moanne en wij misse noch hiel wat alvetal- en sântalfoto’s. Dat is spitich foar no mar ek foar letter at je werom sjen wolle yn it archyf.

Dus graach kommende sneon efkes op de foto de folgjende teams:
MO 15-1
JO 17-1
JO 17-2
JO 15-1
JO 15-3
JO 13-2
JO 13-3
JO 11-1
JO 11-4
JO 9-3
De foto kin maild wurde nei sds-nijs@home.nl

Seleksje VR1

Om 16.45  mei SDS VR1 thús oantrede tsjin Oudega VR1.  De seleksje sjocht er sa út:

Alize, Lysanne, Hester, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Sieta, Sanne Rixt, Christa, Ilse, Agnes

Flagger: Simon Kingma
Tiid: 16.45
Oanwêzich: 15.45

Seleksje SDS 1

SDS 1 hat de kommende twa sneonen twa in thúswedstrid. Moarn komme de Oeverzwaluwen út Koudum op besite. Oeverzwaluwen hat 29 punten (mei 1 wedstriid minder) en  SDS  hat 28 punten. De seleksje sjocht er sa út:
Bauke, Erik, Jacob Klaas, Teun, Remco, Hendrik, Tsjipke, Lourens,Jelmer, Marco, Jaap, Elger, Feite, Frank

Seleksje SDS 2

SDS 2 giet om 13.00 oere nei Heech om tsjin Heeg 2 te fuotbaljen. It begjin 14.30 oere. De seleksje diet it dwaan moat:  Hendrik, Marten, Gerrit,Martijn, Pieter, Stefan. Jurjen, Anne, Bote, Jort, Tjeerd, Ralph, Willem, Arjen.
Riders: Boudewijn, Hendrik, Anne, Arjen

Seleksje SDS 3 (g.n.t.)

De seleksje fan SDS 3 soe gewoan efkes in oere traine kinne, om dochs wat beweging te krijen. AVC 3 hat ôfsein. Tefolle Seisbierrumers moatte yn de komkommers en paprikas….

Seleksje SDS 4 (g.ek n.t.)

SDS 4 soe ôfreizgje ôf nei de rustike omjouwing fan Gaasterlân. NOK 3 soe om 14.00 de tsjinstanner wêze. Dizze seleksje soe om 12.30 fuort: Ids, Remon, Steffen, Rick, Broer Jacob, Igor, Doede, Thomas, Ruun, Doede, Jorrit, Tseard en Pieter-Lieuwe. Spitich genôch bliuwt it rêstich yn de omjouwing fan Gaasterlân, want NOK 3 hat te min spilers en hat freedtejûn ôfbelle……..
Wêr giet it hinne mei it amateurfuotbal?

Pankoekdei

It is hjoed de nasjonale pankoekdei. Letterlik wol te ferstean. Figuerlik tinke wij gelyk oan dy trije keamerleden dy’t net sitte wolle en oer dizze man

Harsens derby (1856)

Sa kin it ek…………………………