SDS League: FC Dronryp op wei nei nije titel

Weppers tongersdei 3-4
3 april 2014
Seleksjes sneon 5-4
3 april 2014

It sil dochs net sa wêze dat Tsjalling Sikma mei “FC Dronryp” op ‘e nei de SDS League wint? Hy wûn de earste helte fan dit seizoen ek al. It is namelijk sa dat hy no alwer allinnich boppe-oan stiet yn de SDS League. Hy hat meikoprinner Doede Kooistra 4 puntsjes efter him litte kinnen mei “Te let?”

Tsjalling hat fêst alwer in fakansje boekt foar it prizenjild

Sytze Kooistra docht goeie saken mei “KooiBoy’s”. Hy giet net allinnich fan it 12e nei it 4e plak, mar stiet ek noch mar 8 puntsjes efter op syn broer Doede Kooistra.

Dizze wike alwer 2 wykprizen yn de SDS League. Stefan van der Velde mei “Gouden Loekie” en “Anne Steen op nr. 1” fan Anne Stenekes hawwe mar leafst 42 punten en dat is mear as genôch foar de wykpriis. It is foar Anne alwer de twadde wykpriis yn 3 wiken. Spitich foar him is dat hy de priis eltse kear diele moat. No mei ien oar. De foarige kear noch mei twa oaren.

Anne Stenekes hat mei “Anne Steen op nr. 1” de gang mei boppe te pakken. Sis mar de tsjinoerstelde rjochting dy ’t hy mei SDS 2 trochmakket. De oerienkomst is wol dat it sawol yn de Reserve-2e-Klasse as yn de SDS League eltsenien ticht op mekoar stiet en alles noch mooglik is.

Jaap Toering docht it dizze edysje mei “Torpedo Toering” rêstich oan op it 52e plak. Begryplik fansels no mei in lytse poppe. Dêrneist liket it derop dat hy syn doelstelling rom rêdt. “Aan de kant ik moet naar het stadion” stiet 65e mei 17 punten efterstân op Jaap.

“FC (Rients) De Boer” kin heechstwierskynlik tagelyk de poedelpriis ophelje as Ajax de kampioensskaal.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.