Weppers tongersdei 11-5

Weppers tiisdei 9-5
9 mei 2017
SDS-League: Dochs noch priis foar Feyenoorder…..
11 mei 2017

SDS VR1 – DWP VR1

Justerjûn spile ûnder ideale omstannichheden de wedstriid SDS VR1 tsjin DWP VR1.  Dat wie  de nûmer 4 tsjin de nûmer 2 foar it begjin. En dat is sa bleaun. De froulju út Sint Jansgea wiene it earste kertier sa doeltreffend dêr kaam SDS net mear oerhinne. 0-3 stie der doe al op it skoareboerd. Foar it skoft waard it noch 0-4.  Dat wie ek de einstân.

Traine

SDS 2 traint jûn om 19.00 oere, SDS 1 om 19.15 oere en SDS 4 om 19.30 oere. Sa is elkenien moai op ‘e tiid klear om…………

Kantine

De kantine is jûn fansels wer iepen fanôf 20.00 oere. Elkenien is dan wolkom om mei syn allen te sjen nei de heale finale yn de Europa-League tusken Olympique Lyon en Ajax. No al nocht yn wer ris in èchte Europacup-jûn yn de kantine lykas `froeger` yn de âlde kantine!

SDS VR 2

Freedtejûn kinne jim de VR2 fan SDS sjen at sij harren toernooi spylje yn Easterein. Tsjinstanners sc Joure en SC Bolsward komme op besite. Black Girls hawwe ôfsein.

SDS-League

Jûn dan eindelijk wer ris in nije stân fan de SDS-League. Wy binne benijd as wy dochs noch in Feyenoorder bliid meitsje kinne……….

Plaatsjedraaie


Wij sjogge al foto’s ferskinen fan wat âlde elpees dy’t fan  souder helle binne.  Dat wurdt rocke….. kommende sneon at DJ Sjouke de Groot efter de draaitafel stiet.

Van Gogh?

Dit is miskien ek wol wat foar SDS! De Andries fan Leicester City hat it klubembleem fan Leicester City yn it fjild fan Leicester meand. Soe it logo fan SDS ek yn it keunstfjild fan SDS meand wurde kinne of kin it better op it B-fjild?

Harsens derby (1887)

Ek foar assistint-skiedsrjochters is it better om freedtejûns net op stap te gean………..