SDS League: Djumbo(IdB) pakt de wykpriis.

Antwurd kwisfraach.
19 oktober 2005
Wepperkes -woansdei –
19 oktober 2005

Eyaheeeee sil der wol ropt wurde op it Skrok. I.d.B. pakt mei syn team Djumbo de wykpriis mei mar leafst 50 punten.

De Eastender Nightmares fan S.T.W.(gjin famylje) dogge it skrikbarend goed. Sy nimme dizze wike it 1e plak oer en steane lyk 10 punten foar op de nûmer 2, de Jelsmanian Devils(J.S.J).

Klussen is mijn leven fan A.F.d.B. docht it dizze wike wol aardich mei 41 punten. No ’t syn hús sa goed as klear is kin hy him wer hielendal konsintreare op de SDS-League. Miskien kin Nijland 1 him ek wol goed brûke, want sy ferlieze al inkelde sneonen op rige.

De hjerst is no echt begûn en fansels is lyk de simmergriente Pik Andijvie(F.S. en S.S.) de pineut. Sy pakke mar 11 punten dizze wike en sakje fan 6 nei 32.

Dennis en Josje(D.D. en J.Z.) dogge it ek noch net sa goed. Sy presteare it sels om lyk te kommen mei de nûmer lêst FC Schettens fan S.F.

Groeten, Willem.

Klik hjir om de stân te besjen: wike 5.