Antwurd kwisfraach.

Wepperkes -tiisdei-
18 oktober 2005
SDS League: Djumbo(IdB) pakt de wykpriis.
19 oktober 2005

Wy krigen in soad reaksje op de kwisfraach fan juster:
Rodion Camataru werd ooit Europees topscorer. Bij welke club speelde hij toen en hoeveel doelpunten maakte hij?

Der sieten net folle ferkearde antwurden tusken. Eltsenien wist dat hy by Dinamo Boekarest siet(allinne Folkrt Rients sei per ûngelok Steau Boekarest). Allinne oer it oantal doelpunten wie net eltsenien it iens. It binne der 44 west. In soad minsken tinke dat der omkeaperij yn it spul west hat. Sa makke hy yn de lêste 10 wedstriden 26 goals(sjoch ek
hjir). Hjirûnder alle antwurden dy ’t wy krigen:

*Us Cammie makke yn it seizoen 1986 – 1987 mar leafst 44 goals foar Dinamo Boekarest.
Groetnis, Sjoerd

* Dat is voor de komende tegenstander van sc Heerenveen, Dinamo Boekarest. En de doelpunten gok ik op 41.
Groeten Ruurd

* Dat is in makkie! De grutte publykslieveling fan Hearrenfean begjin jierren 90′. Yn it jier 1986/1987 makke hy 44 goals foar Dinamo Boekerest, wer fan 20 goals yn de leste 6 wedstriiden. Folgens Toni Polster wie it omkeaperij. Net sa frjemd, oansjoen dat omkeaping yn dy tiid normaal wie yn Roemenië.
Ps. Hearrenfean giet winnen tongersdei yn Roemenië!
Groeten, Gearard Posthumus.

* 44 maal club dinamo boekarest (zeer discutabel) 
vr.gr. ype

*myn oplossing:
hij spiele doe bij Dinamo Boekarest en makke 44 doelpunten
Sjouke Sjoukema.


*Beste Webmasters
Gean nei google en typ yn ” Rodion Camataru” gelyk de earste link pakke en alle ynfo stjit klear!
It wie yn 86/87 by Dinamo Boekarest mei 44 doelpunten. Tseard Hofstra.

*Club: Steau Boekarest
Goals: 44
Folkert Rients Vellinga

*hey willem en aant
die freddy lest die it frysk deibled ek al, der stoen it ien juster. ut mien bleate holle wit ik it volgens mij nog. volgens mij fuotballe hij bij dinamo boekarest en makke de 44 goals. foaral ien de leste 10 wedstriiden scoarde hij 27 ofsa.
groetnis dirk.

*Goeiejun,

Ha da’s in makkie! Camataru makke yn it seizoen 86/87 44 goals foar Dinamo Boekarest. Saillant detail is dat my 26 goals makke yn’e lêste 10 wedstriden.

Groetnis DYS

ps. Neffens my hat Fred in abonnement op in regionaal krantsje… En ja, die ha’k it wykein ek trochblêdere.


*Dat was in het seizoen 1986/1987
Hij speelde voor Dynamo Boekarest en hij maakte er 44. Freddy,weet jij wie er toen tweede werd in dit klassement??? en met hoeveel doelpunten?
Groeten Wicky.

Witte jim it antwurd ek op Wicky syn fraach? Mail it nei info@vv-sds.nl!