SDS League: Djumbo(IdB) pakt de wykpriis.
19 oktober 2005Wepperkes -tongersdei-
20 oktober 2005Futsal 1 jaget publyk fan de tribunes
SDS Futsal 1 levere woansdeitejûn in wanprestaasje troch yn in tige minne wedstryd, wêr ’t alles net slagge en neat wol slagge mei 1-5 te ferliezen fan Ens 1. At it no kaam fan it feit dat de fuotten net woenen of it feit dat de foarm der gewoan net is of dat se spilen mei in bal fan de gasten, it antwurd is net te jaan.
Willem skoorde it ienige mazzeldoelpunt.
Moandeitejûn mei SDS 1 alwer probearje om it ferlies goed te meitsjen. Sy spylje dan yn de Westerein tsjin de Golden Oldies.
Futsal 2 pakt al 3 punten
Nei it optreden fan Futsal 1 moast Futsal 2 oantrede tsjin Genemuiden 1. SDS 2 wûn mei 6-3. De skiedsrjochter foel by dizze wedstriid al gau út wêrtroch Willem Overal de fluit oernimme moast. Hy hie de hannen fol oan dizze wedstriid troch ûnsportyf gedrach fan mei nammen de lju út Genemuiden. Troch de winst fan SDS 2 steane sy no boppe-yn de middenmoat.
Ledengearkomst
Op 14 novimber is der in ledengearkomst fan SDS. Tige nijsgjirrige saken komme dan wer oan de oarder.
Sjoch hjir foar de komplete wurklist
C1 hat sneon wol spile
De skerpe lêzer fan dizze side sil it fêst al opmurken hawwe: it ferslach fan C1 fan 15 oktober hat er noch net op stien. Klaas Popmstra hie it drok mei oare saken mar hat dan dochs tiid fûn it ferslach te meitsjen.
De trainer yn aksje
Ek foar Marcel Frankena wie it sneon in spannende dei. Mar ek in dei mei in goeie ôfrin. In pear plaatsjes fan in trainer “yn aksje”
Marcel en Claus Roozenburg prate en laitsje efkes foar
Marcel en Claus witte mei muoite bûten it fjild te bliuwen
En soms neitinkend, ticht bij it griene gers
En dan in moai momint: de oerwinning is binnen en Claus wachtet as de bekinde boer mei pine yn ‘e mûle Marcel op om him te lokwinskjen.
En fansels yn de bestjoerkeamer efkes neiprate ûnder it genot fan in bierke en in stikje woarst en tsiis, wylst de foarsitter de standen op de tv set.
En nei ôfrin wie der in neipraatsje mei de echte kenners. Freddy Scheltema wist fuort te regeljen dat Marcel ek mei de kenniskwis docht.
En as ienige hear mocht hij efkes plak nimme om de frouestamtafel, wêr’t it bier ek gjin kâns krige om dea te gean.