Weppers freed 21-4-2017

SDS-League: ‘De Supersubs’ pakke de wykpriis!
20 april 2017
Sneon 22-4-2017
21 april 2017

SDS VR 2

Jûn de tredde ronde foar de dames 2! We hawwe d’r allegear wer sin yn.
Healwei achten begjinne we tsjin de gastfroulju fan de Blackboys. Noch hieltiid binne we net kompleet, mar dit is de opstelling:
Marlous van Tuinen,
Anne Postma,
Lize Schuurmans,
Petra Zuidema
Kirsten Hiemstra sil nei in lange blessure wer besykje om wedstriidritme te krijen.
En dan hawwe we
Geeske Yntema,
Janieke Dijkstra en
Amarins Tjalsma mei nei Snits.
It ferslach komt ynkoarten op de FB site fan Dames 2!

SDS 1 – tsjin (K)No(c)k out

Mei in oerwinning fan SDS 1 op NOK 1 sneon kin dy ploech net mear boppe SDS komme. Dus, dizze seleksje witte wat sij dwaan moatte:
Bauke, Jacob Klaas, Teun, Wiebe, Marco, Remco, Tsjipke, Lourens, Jelmer, Jaap, Elger, Pieter, Ewout, Erik en Hendrik.
It soe moai wêze at dizze ploech sneon efkes stipe wurdt troch in hiel soad SDS supporters… Gean dus!
De spilers geane 12.30 fuort.

 SDS 4 thús tsjin sc Joure 6

Jousters op besite yn Easterein bij SDS 4. Dizze hearen sille dizze kear ek  in boppemjittige prestaasje op it fjild dellizze om 14.30 oere:
Arjan, Jorrit, Rick, Igor, Steffen, Martijn, Kb, Gertjan, Rock D, Wouter, Eeltje, Bj, Ids, Jelte, Jelmer, Ruun en Ddk.

Programma

Sneon in beheind programma fanwege de maaie(?) fakânsje. Sjoch yn it menu bij programma.

Keepersdei

Sneontemiddei  in grutte happening op de Skoalleseize. Seker de muoite wurdich om efkes te sjen.  Hopenlik wurde der hiel wat ballen keard tidens de Keepersdei.

Efkes Balje

Dat is jûn. Selde tiid, selde plak.

Harsens derby (1875)

‘Tikkie werom, Jaap!’