SDS League: De Knapste Jonges pakke alwer in wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
28 februari 2006
Wepperkes -tongersdei-
2 maart 2006

De Fûgelflappers hellen dizze wike “mar” 23 punten. Dochs steane sy noch altiten boppe-oan. First Choice(MP) is al ien puntsje tichterby kommen. Mar moai dat de coach syn eigen giele kaart fan ôfrûne sneon net meitelt.

Wer witte De Knapste Jonges(AM en PW) in wykpriis te pakken. Yn de earste helte fan it seizoen slagge harren dit ek al. Sy pakten dizze wike 33 punten.

Ja, ja………….

Rienk Wiersma makke syn team dit jier yn Taiwan. Dit holp him hast oan in wykpriis. Mei 29 punten kaam hy dizze wike mar krekt te koart.

De Kapitein(HP) hie dizze wike net sa ’n beste wike. Hy pakte mar 3 punten.

Sa wurdt it noait wat mei De Kapitein.

Team Kooistra(HK) hat op it lêste plak selskip krigen fan Pik Andijvie(F en SS).

Hjir ferwachten wy ek net folle fan…….

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 4.