Wepperkes -tongersdei-

SDS League: De Knapste Jonges pakke alwer in wykpriis!
1 maart 2006
Wepperkes -freed-
2 maart 2006

Futsal: SDS 1 pakt wichtige punten
Mei in oanpaste seleksje wist SDS 1 juster mei 5-4 te winnen fan SC Heerenveen 2. Harm, Robert, Feite en Tsjipke wienen der net. SDS kaam no oan de ôftraap mei Jan-Simon, Anne, Arjan, Tseard H., Dirk-Yde, Peter en Willem. Hjir it skoreferrin:
1-0 SC Heerenveen
2-0 SC Heerenveen
2-1 Dirk-Yde
2-2 Peter
rust
2-3 Dirk-Yde
3-3 SC Heerenveen
3-4 Peter
4-4 SC Heerenveen
4-5 Willem
SDS 1 pakt hjirmei 3 wichtige punten. Degradeare liket no net mear te kinnen.

Futsal: SDS 3 pakt punt
SDS 3 skoorde juster 5 kear en LSC mar 1 kear. Dochs waard der net wûn. Johan, Klaas en Pieter wisten foar SDS te skoren, mar Klaas en Pieter skoorden ek foar LSC. In Snitser makke de lykmakker. Doelman Tsjerk Okkema lit witte dat as der noch faker safolle eigen goals om ‘e earen krijt dat der dan leaver postboade wurdt(!?).


Ideeën?
SDS bestiet folgend jier 60 jier! Dit is fansels in feestje wurdich. Akke, Dukke, Meinte en Popko sitte yn de jubileumkommisje fan SDS. Sa as it no stiet wurd dit jubileum fiert op sneon 25 augustus 2007. Hat immen in idee as wol dy oars wat kwyt oer ’t jubileum, mail dit dan nei:
popkowijnia@planet.nl.

By de slachter
By slachter Lolke Bouma kinne je net allinnich terjochte foar de lekkerste droege woarsten mar ek foar moaie Fryske siswizen. Dit stie der juster op de kassa te lêzen:
Wêrom sikesto dyn gelikense net, sei de spiker tsjin de moker.


Jimbar wint!
De sealtoernoaien by Titus binne wer sa goed as tenein(sil Marcel bliid mei wêze). Eartiids waarden dizze toernoaien wûn troch De Greidhoeke of Kafé Bergsma. Dit kear is it de Jimbar dy ’t nei 5 toernoaien de measte punten byelkoar sparre hat. Dit is de einstân wurden
1 Jimbar 20 punten
2 Kafé Bergsma 15 punten
3 ONOZ Sneek 14 punten
4 Sporthal De Greidhoeke 12 punten
5 Barcelona Balk 11 punten
6 Posthoorn Dronryp 7 punten
7 Lageweg Beers 0 punten

Wat ropt Remco?
Sneon stie Remco by SDS 1 op goal tsjin Oranje Nassau. Wy hoefe net lang nei te tinken oer wat Remco op dizze foto ropt:

LOOOOOOOOOOOOOOOOOOOOOOOSSSSSSSSSSSS!!!!

Ien ding
Frouen binne úteinlik mar op ien ding út en dat is jild. Sjoch hjir mar.

Letter mear!