SDS-League: De Jannen diele de wykpriis!

Weppers moandei 22-3-2021
21 maart 2021
Weppers tongersdei 25-3-2021
24 maart 2021

Dizze wike meie Jan-Friso Bruinsma mei ’90 minuten lang en Jan Mulder mei ‘Bulder’ de wykpriis diele. Sy hienen beide 51 punten. Ferline wike wie Jan Mulder der al ticht by, mar kaam doe krekt ien puntsje te koart…..

Gerlof-Jan Hofstra hat mei ‘FC Op nei de Top’ de koposysje oernaam fan ‘BarbEeltsje’ Postma. Mei ‘Okke Boys’ fan Okke van der Kamp en ‘Fc Munnaps’ fan Bote Strikwerda is it retespannend boppe-yn.

Habtamu de Hoop ferliest mei ‘Stim Habtamu nei Den Haach’ 10 setels en stiet no 26e, mar de kâns is al grut dat syn doel om yn Den Haach te kommen slagge is!

Sjoerd van Beem hat mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ ek aardich de smaak te pakken. Ferline wike gie de flagge al út doe ’t hy ien puntsje boppe ‘Torpedo Toering’ fan Jaap Toering kaam en no giet hy ek nochris as in komeet nei in dield 12e plak.

Thys Bruinsma hoecht der net oer yn te sitten as wy in minne simmer krije. Mei ‘Dy Kloaten’ kin hy de poedelpriis, de SDS-paraplu, hast net mear misrinne.

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 6