SDS League: "Bundy" pakt wykpriis!

Seleksjes 3-4
1 april 2010
Weppers freed 2-4
2 april 2010

It is dizze wike “FC Al Bundy United” fan Sjoerd van Beem dy ’t de wykpriis pakt. Hy hie mar leafst 75 punten.

Nei dizze wykpriis kin Al Bundy rêstich efteroer leune.

“FC Bakkerskonken” fan Skelte Anema stiet noch altiten boppe-oan. Hy nimt 4 punten ôfstân fan Paul Reitsma  mei “Alles op Paolo Henrique”.

Wy binne benijd welke spits Paul Reitsma yn it nije seizoen útsiket as “favoryt”. Nei “Alles op Elyounoussi” wie it no “Alles op Paolo Henrique”. Elyounoussi sit ynmiddels alwer yn Noorwegen en Henrique hat de ûntslachbrief ek al yn de bus.

It wurdt wat ientoanich: “FC Supermario” fan Doede Rients Okkema stiet noch altiten stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.