Weppers freed 2-4

SDS League: "Bundy" pakt wykpriis!
2 april 2010
Utslaggen sneon 3-4
2 april 2010

SDS’ers yn bands

It koe fansels net útbliuwe. De Ramones sochten in nij  bandlid en kamen bij SDS telâne. Der wie gjin seleksje nedich. Der wie mar ien kandidaat. Mei tank oan Jan Rinse Blanksma hawwe wij de earste foto fan de nije Ramones binnen.

Der op út
De aktiviteitenkommisje fan SDS 5, Daan en Harm Auke, hiene it dizze winter sa moai betocht. Sneon 3 april kin SDS 5 der wol wer efkes op út. De fuotbalsinnen wat fersette. It earste
programma joech oan 12.30 fuotbalje en dêrnei koe it wurde. Mar programma’s binne der om wizige te wurden en sa spilet SDS 5 sneon om 10.45 oere. At it troch giet fansels. En dan om 15.20 oere (en net letter) wurde se bij de bushalte yn Wommels ferwachte. Wêr giet de reis hinne? Wij soene it net witte, mar sille wol in mantsje meistjoere.

Peasketiisdei
Kommende tiisdei steane der ek inkelde wedstriden op it programma. SDS 1 moat om 18.30 thús tsjin Be Quick Dokkum 1, SDS 2 om 18.30 út tsjin BCV 2 en SDS B1 om 18.30 út tsjin Oeverzwaluwen B1.

2 kear ynhelje?
De B’s moatte dus tiisdeitejûn út nei Oeverzwaluwen. Tongersdei meie sy op ‘e nij ynhelje. Dan spylje sy om 18.30 thús tsjin RES B1.

“Lytse” Pier
De opfolger fan Erik Haitsma as efterste man yn SDS 1 is bekend. De froegere lêste man fan Nijlân 1, Ate Feike de Boer hat mei syn Muriël in lytse jonge krigen neamd Pier Sytze. Hy weaget no al sa ’n 8 en in heal pûn dus wy ferwachtsje dat hy mei 16 jier wol yn it earste fan SDS 1 kin.

SDS-band
Juster hielendal fergetten, mar wy hawwe fansels ek noch de SDS-band út Iran. De muoite wurdich…(klik
hjir).

Foeilelijke sjurts (15)
It docht bliken dat de froulju dochs ek wol kijk hawwe op slechte fuotbalmoade. Dizze tip krigen wy fan Tsjerkje Posthumus: “Lelijk en te grut…..”. Wy hawwe dizze keeper fan Mexico der alris earder yn hân, mar dizze kombinaasje is noch slimmer as de foarige.

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (181)
Wy begripe wêrom de koach fan Sevilla dizze mannen op ‘e wissel hat. Sy kinne better op dûnsjen:





Letter miskien mear!