Weppers moandei 10-10-2022

Meinte-Sixmatoernoai woansdei 19 oktober
10 oktober 2022
SDS-League: ‘Bulder’ pakt de wykpriis!
12 oktober 2022

Pechfûgel

Inne Heerma hat juster syn kûtbonke brutsen. Yn Frjentsjer by sc Franeker 3 – SDS 3 foel hy al nei 3 minuten út. Dikke pech dus foar Inne. Wy winskje him in hiel soad betterskip ta! De betterskipskaartsjes meie nei:
Pipegaal 11 8731 DB Wommels

Oppas fan de wike

Jaap Toering keepte sneon by SDS 1, mar it slagge him net om oppas te krijen. Brend wie pupil fan de wike, mar der moast ek noch ien op syn bruorke Siem passe. It kaam dan ek net gek út dat Wiebe Heeres by SDS 1 blesseard wie, want dan koe dy moai op Siem passe. Dit gie sa moai as wat. Wiebe hie nei de wedstriid allinnich gjin jild mear om mei it Draaiend Rad mei te dwaan; ‘al myn lytsjild is op gien oan snoep…………’

Tafal bestiet net

Lourens van der Pol skoorde sneon yn de 35e minút syn 35e goal foar SDS 1. Hy kaam dêrnei lyk op it skoreboerd te stean.

Tafal bestiet net (2)

Ferline wike stoar SDS-supporter Jacob Hofstra. Hy gie altiten mei syn Tina nei SDS en sei faak tsjin har nei it keapjen fan it programmaboekje; ‘wij gaan voor de droge worsten’. Sneon  wie Tina foar it earst sûnder har Jacob by SDS en sy pakte lyk de earste priis yn de ferlotting en gie mei drûge woarsten nei hûs.

It FD sjocht werom

It Friesch Dagblad sjocht alle wiken werom op it amateurfuotbale. Ek dizze kear wer oandacht foar SDS, sjoch hjir ûnder. It hielestik ek oer oare klups kinne jim hjir lêze

De LC sjocht werom

Ek de Ljouwerter Krante jout moandei op twitter in oersicht fan nijsgjirrichheden bij it amateurfuotbal.  It hiel stik falt ûnder it betelle abonnemint mar wat se oer SDS skriuwe kinne jim hjirûnder lêze.

SDS-League

Wy ferwachtsje woansdei mei de nijste stân te kommen.

Sneon 15 oktober

Kommende sneon is der y.f.m. de hjerstfakansje net folle fuotbaljen. De jeugd fan SDS hoeft net en SDS 2 is ek frij.

Harsens derby (2098)

Inne Heerma moast dus juster yn in scootmobyl nei sc Heerenveen – PSV. Dit wie miskien net sa ’n goed idee….