Weppers freed 10-12-2021

SDS-League: ‘Broodje Gakpo’ pakt de wykpriis!
7 december 2021
In frisse sneontemoarn yn byld
11 december 2021

Sûnder publyk

Ek sneon 11 desimber 2021 sil de boeken yn gean as in fuotbaldei sûnder publyk.  Noch altiten sitte wij mei allegear rigels dy’t ferbiede dat der publyk efter it stek stiet nei it fuotbal te sjen. De Bunnikside bliuwt dus op ‘e nij leech.

Kantine

Wylst wy as feriening net ien bûten slúte wolle binne ek wy ferplichte om te kontroleren op de QR-koade yn de kantine……. De kantine is allinnich iepen foar fuotballers en frijwilligers mei in funksje.

SDS 1

3e-Klasser SDS 1 sil moarn oefenje tsjin de koprinner yn de 4e-Klasse sc Bolsward. Sy dogge dit thús om 15.15 oere. Dizze seleksje wurdt om 14.00 oere ferwachte op it sportpark en hawwe 14.15 oere in bespreking:
Jaap, Mark, Luuk, Erik, Gerwin, Jelte-Pieter, Pieter, Wierd, Teun, Douwe, Sjoerd, Wiebe, Lourens, Stan, Wesley en Steven.

Frij

SDS 2 en Vr.1 binne A-kategory en binne moarn frij.

sc Joure 5 – SDS 3

SDS 3 falt yn kategoary B en sij hawwe dus wer in reguliere wedstriid. De mannen steane te springen om te baljen, want de seleksje barst op ‘e nij hast út syn foegen. Op ‘e Jouwer wurdt om 14.00 oere balle en dizze mannen fertrekke om 12.45 oere út Easterein:
De seleksje: Marten, Jildert, Bote, Kees, Inne, Mark, Habtamu, Tsjipke, Anne, Hendrik de J, Willem, Haije-Jan, Watze-Jacob, Hendrik E. en Frank.

ONS 5 – SDS 4

SDS 4 sit yn kategory B en soenen bliid wêze dat se gewoan spylje kinne. It liket allinnich wol as sy allinnich mar út balje meie. Moarn meie sy om 12.30 oere yn Snits balje. Des te mear tiid foar de tredde helte soenen je sizze.
De seleksje: WiFi, Jeffrey, Bouke, Wiltsje, Leon, Micheal, JP, Jorrit, Mark, Lieuwe, Sietze, Aiso en Doede-Rients.

SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 8

Dé wedstriid moarn is fansels SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 8. Op it haadfjild en noch foar SDS 1. Dizze jonge hûnen hawwe der no al nocht yn:
De seleksje: Dirk, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Ids, Jan-Simon, Jentsje, Kerst, Klaas, Robert, Ronny, Niels, Robin en Peter (?).
Daan flagget.

Leeuwarder Courant

De Ljouwerter Krante komt moarn del by SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 8 om wiidweidich in ferslach te dwaan foar de moandeiskrante.

Keepers

SDS 3 hat ynmiddels 9 kompetysjewedstriden fuotballe en 2 bekerwedstriden en hat al 6 keepers brûkt. Net allinnich Marten Faber hat by SDS 3 ûnder de latte stien mar ek Mark Klijnsma, Stijn Schildkamp, Yward Zijlstra, Jan van der Vaart en Wietse Vink. En Peter Stuiver soe op goal, mar sei doe ôf om ’t de frou siik wie.

Traind

Yn Nijlân hat vv Nijland 1 tongersdeitemoarn efkes traind om 6.00 oere. Sy troffen it want it wie moai drûch waar……….. En mar -4 graden…….

Harsens derby (2333)

Je hawwe wolris fan dy dagen dat de bal der gewoan net yn wol…..