Weppers freed 27-9-2019

SDS-League: ‘Brekken-Boys’ pakt de wykpriis!
26 september 2019
Sneon 28-9-2019
27 september 2019

Beker

De KNVB hat juster lotten foar de 1e ronde fan de beker. SDS 1 spilet op sneon 16 novimber thús tsjin Rottevalle 1. SDS 2 mei op woansdeitejûn 16 oktober om 20.00 oere yn Snits fuotbalje tsjin LSC 2.

SDS VR1 – Harlingen VR 1

Om 12.30 oere moat SDS VR1 al wer tsjin in Harnzer ploech. Krijt de goeie start yn Harns in ferfolch yn Easterein? Dizze seleksje is om 11.30 oanwêzich, want dan kinne sy earst noch efkes op de foto: Alissa, Elske, Esther, Femke, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Seriette, Sieta en Sietske.

SDS 1 – Scharnegoutum 1

In streekderby al yn it begjin fan de kompetysje. Scharnegoutum, mei trainer Remco Bervoets komt op besite yn Easterein. Ferline wike spilen de gasten gelyk en helle SDS 1 in moaie oerwinning yn Koudum. Wat wurdt it moarn?  Fan herte wolkom fanôf 14.30 oere yn Easterein.
De seleksje: Erik, Frank, Gerwin, Habtamu, Jaap, Jacob-Klaas, Lourens, Luuk, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Wierd, Steven en Hendrik.

De stipers

Us haadstiper is fansels Grafische Groep Van der Eems en de wedstriidstipers fan SDS 1 – Scharnegoutum 1 moarn binne: Vakgarage Anne Knol en Schildersbedrijf Erik Haitsma.

SDS 2 – Veenwouden 2

SDS 2 wûn de earste wedstriid en Veenwouden 2 ferlear dy. No stean se tsjin oerelkoar. Om 12.00 giet it los mei dizze seleksje:
Bauke, Wiebe, Arjen, Dirk, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Niels, Sjoerd de V, Sjoerd W, Tjeerd en Wietze.

ONS Sneek 3 – SDS 3

Foar ONS Sneek 3 begjint de kompetysje want dit is harren earste wedstriid. SDS 3 komt graach efkes nei it Zuiderpark yn Snits om trije punten te heljen. Krekt foar 14.30 oere docht dizze de warming-up: Inne, Jildert, Lieuwe, Haije-Jan, Hendrik E, Jelmer, Mark, Marten, Pieter, Piter, Skelte, Stefan, Watze-Jacob en Willem.
Sy fertrekke om 13.15 út Easterein. Boudewijn, Willem, Hendrik en Marten ride.

Oeverzwaluwen 4 – SDS 4

SDS 4 hie in falske start mei ferlies en dy fan Oeverzwaluwen 4 wie noch falsker, want sij fuotballen net. Om 14.30 yn Koudum. De seleksje:
[25-9 12:53] Arjan Hallama: Aanwezig
[25-9 12:57] Doede Sijsling: Aanwezig met auto
[25-9 15:06] Gert jan hessels: Aanwezig
[25-9 15:31] Tseard: Aan
[26-9 08:24] Wietse Vink: Aanwezig
[26-9 09:05] Peter Stuiver: Aanwezig
[26-9 11:06] Allert Turksma: Aanwezig
[26-9 12:35] Igor: Andries en ik zijn ook bij uiteraard
[26-9 12:35] Igor: Ik mis nog een aan van Ralph
[27-9 07:05] Broer Jacob: +rijden
En Doede-Rients en Doede-Douwe.

SDS 5 – SSS’68 3

SSS wûn mar leafst mei 11-0 it ôfrûne wykein, dus sil SDS 5 him skrap sette moatte om in twadde oerwinning binnen te slepen. Om 14.30 op fjild 2. De seleksje sjocht der sa út:
Harm, Anco, Auke, Gert-Jan, Harm, Henk, Jan-Simon, Klaas, Peter, Pieter-Lieuwe, Robert, Ronny, Syb, Tjeerd en Wichard.

Kompliminten

Utsein de blessearden kinne alle SDS’ers moarn fuotbalje mei tank oan alle frijwilligers dy ’t moarn efter de bar stean, in wedstriid fluitsje, in wedstriid flagje, it fjild klear setten hawwe, de sjurts útwosken hawwe, yn de bestjoerskeamer sitte en al dy oaren. Machtich om te sjen hoe de lieders der wer foar soarge hawwe dat alle teams moarn genôch spilers hawwe. Forza SDS!

Harsens derby (2159)

Mocht SDS moarn in penalty krije tsjin Skearnegoutum dan witte wy al wa ’t him nimt.

 

Letter fêst mear!