Weppers tongersdei 24-10-2019

SDS-League: ‘Brekken-Boys’ pakt alwer in wykpriis!
22 oktober 2019
Weppers freed 25-10-2019
25 oktober 2019

SDS seal yn aksje

Justerjûn kaam SDS 1 seal yn aksje op’e Jouwer. Haskerland 6 wie de tsjinstanner en it wie in doelpuntrike jûn dêr yn de Stuit. De útslach wie 10-4.

25e Meinte Sixmatoernoai

Ofrûne woansdei wie it 25e Meinte-Sixmatoernoai. De ynstek fan it organiseren fan dit toernoai wie foar SDS-man Meinte Sixma om alle jeugd de kâns te jaan om in baltsje te traapjen. Fuotbalje is wichtiger as winnen. Y.f.m. it 25-jierrich-jubileum krigen de bern nei de tiid sawol in medalje, patat as in iisko oanbean troch de familie Sixma. De ôftraap fan it toernoai waard dien troch Eeltsje Sixma en dochter Cathlyn. In wiidweidich ferslach is te lêzen yn de nije Treffer dy ’t nije wike útkomt.

SDS Vr.1 hat sneon in topper!

SDS Vr.1 spilet sneon om 12.15 oere de topper tsjin GAVC Vr.1. Dit is de striid tusken de nûmer 1 en 2. Beide ploegen hawwe 9 punten út 3 wedstriden, dus it sil sneon wol in spannende pot wurde. Tige de muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa!
Foar de wedstriid sille de froulju fan Vr.1 noch efkes mei syn allen op de foto.

Komplimint

In trainer fan JO17-2 joech de jonges mei in Ajaxhert (en dat binne de measten) juster krekt foar sânen in komplimint foar harren oanwêzichheid. “Moai dat jim der dochs binne en dat jim net ôfsein hawwe”.
Ferbaasd seagen se op en fregen wêrom. “Witte jim wol hoe let Ajax spilet”. De tillefoan waard tsjekt en ta de grutte skrik fan in oantal fan harren wie dat 7 oere.  Dat wie wol efkes in teloarstelling dat se dy wedstriid misse moasten. Pieter, mei syn De Ligt-Ajaxsjurtsje oan, wist it wol mar keas bewust foar it trainen. “Ik train leaver sels”…. Sjoch dat is praat.

SDS 4 yn nije frijetiidssjurts

Woonvaria Wommels is de nije sjurtstiper wurden fan SDS 4 en like it ek wol wat om nije frijetiidssjurts foar de mannen oan te skaffen. Dit ûntwerp leit der by MUTA-Sport en wy sille de seleksje der ynkoarten wol yn bewonderje kinne.

SDS 5 yn nije trainingsjacks

SDS 5 wie wolris oan nije trainingsjaskes ta en de ûndernimmers fan SDS 5 haw lyk de hannen út de mouen stutsen. Dit is it rissultaat wat by MUTA-Sport leit en ynkoarten kinne jim SDS 5 der yn de warming-up yn bewonderje.

Lytser en lytser……

De kompetysje fan SDS 3 bestie út 12 klups, mar foardat de definitive kompetysje-yndieling der wie kaam it al op 11 klups út. Dêrnie gie sc Franeker 3 der noch by wei en wienen it der noch mar 10. No stapt Oeverzwaluwen 3 der ek noch út en bliuwe der noch mar 9 oer…..

Kantine

De kantine is jûn wer iepen fanôf in oer as 20.30 oere. Inne hat de kofje waarm en miskien ek noch wol wat oars.

Harsens derby (2171)

De spitsen fan SDS moatte noch in pear kear traine mei spitsentrainer Jappie Wijnia en dan fleane dizze kopballen der ek yn!

Letter miskien wol mear!